Achlum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Achlum leit noardlik fan Arum, súdeastlik fan Harns en súdwestlik fan Hitsum. De doarpskearn leit benoarden en besuden de Achlumer Feart, rûn de Gertrudistsjerke.
De buorskippen Ieslumbuorren, Ludum, Gelterp, Dearsum en Sopsum hearre ek by Achlum.
Op hie Achlum ynwenners.
Etymology It doarp waard Achlum yn 1319 'Echtlum' neamd, yn 1400 'Achlim' en yn 1418 'Achtlum'. Net dúdlik is wat de namme betjut, mar oannommen wurdt dat dy tsjut op it wurd 'hiem' en de persoansnamme Achtele.
Skiednis De terp fan Achlum waard mooglik al yn de 4e of 5e iuw bewenne. Mei't de befolking him mear it lân yn werom loek, sakke it tal ynwenners. Letter waarden de rânen op 'e nij befolke en dêrnei bleau de 4,8 meter hege terp bliuwend bewenne.Wierden en Terpen, oproppen 28 april 2023 It doarp hat in tsjerke út it begjin fan de 12e iuw, dy't op it heechste punt fan de terp stiet.
Noardlik fan it plak dêr't de terp lei rint de Slachtedyk, dy't it gebiet tsjin de Middelsee beskermje moast. Fanút it easten wei rint de Slachtedyk oer Achlum em dêrnei fierder nei it noarden. De Achlumer terp waard yn 1860 foar in grut part ôfgroeven; yn 1893 folge noch in stik fan de terp noardlik fan de tsjerke. thumb|left|Gertrudistsjerke Yn de midsiuwen stie noardlik fan de tsjerke op de terphelling in kleaster, dat mei kleaster Lúntsjerk ferbûn wie. Wannear't it kleaster stifte waard is net bekend, mar nei't Lúntsjerk yn 1517 sletten waard, ferhûze de prior fan Lúntsjerk nei Achlum en foel it kleasterbesit fan Lúntsjerk Achlum ta. Sa groeide it oansjen fan it kleaster fan Achlum en it kleaster bleau oant noch twa jier foar de ynfiering fan de reformaasje aktyf. Ut de ferslaggen oer de lânhieren en rinten dy't Deputearre Steaten troch de ûnteigening fan de kleasters yn 1590 opmakken, docht bliken dat it kleaster fan Achlum mei de kleasters fan Turns en Hartwert op it stuit fan de reformaasje ta de trije grutste kleasters fan Westergoa hearde. De lêste abt wie Tsjomme fan Mantgum en it kleaster waard yn 1578 ferlitten, doe't de muontsen ferhûzen nei it Burgumer kleaster.VanderVelde.net, oproppen 28 april 2023 thumb|left|Poartegebou Grut Dearsum Oarspronklik foel ek de pleats fan Grut Dearsum noardlik fan de doarpsbebouwing ûnder it kleasterbesit. De namme Grut Dearsum waard yn 1644 foar it earst fermeld doe't Michiel Jacobs de mei in stiennen hûs fersterke pleats oankocht en in nije poarte sette liet as tagong ta it mei in grêft omfieme stik grûn. De state waard yn 1784 ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats, wêrfan it foarein noch jimmeroan bestiet. Ek it yn 1951 restaurearre poartegebou út 1658 bleau bewarre.
Sûnt 1888 hie yn Achlum ek in eigen molkfabryk. It Achlumer suvelfabryk wie ien fan de seis fabriken dy't yn 1898 de Frico oprjochte. De fúzjeweach fan suvelfabriken yn de jierren 1960 gie oan Achlum foarby, mar lang om let hold it Achlumer molkfabryk it ek net mear fol en yn 1971 waard it fabryk sletten. De produksje waard mei it wurkfolk oerbrocht nei it fabryk fan Tsjom, dy't oernommen wie troch "De goede Verwachting" yn Warkum mar in jiermannich letter ek sletten waard.Zuivelfabrieken Friesland, oproppen 28 april 2023
Sûnt 2018 leit Achlum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (sudertrimdiel).
Konvinsje fan Achlum thumb|left|Tinkstien foar Ulbe Piers Draisma op de súdmuorre fan de tsjerke fan Achlum, pleatst ta gelegenheid fan de Konvinsje fan Achlum Om te fieren dat ien fan de foarrinners fan fersekeringsmaatskippij Achmea, de Onderlinge Waarborgmaatschappij Achlum, twahûndert jier lyn troch Ulbe Piers Draisma yn Achlum oprjochte waard, organisearre de fersekerder op 28 maaie 2011 de Konvinsje fan Achlum. Alderhanne ferneamde sprekkers kamen nei Achlum, ûnder oaren Bill Clinton, âld-presidint fan de Feriene Steaten. De bewenners fan it doarp waarden ek by de festiviteiten behelle. Sa waarden der net alinnich lêzings holden yn grutte tinten, mar ek yn húskeamers fan bewenners fan Achlum. De lêzings giene oer pensjoen, feiligens, wurkpartisipaasje, soarch en mobiliteit. Neist de lêzings waarden der demonstraasjes holden fan bygelyks it keatsen en wie der muzyk fan û.o. it Frysk Jeugd Orkest en Ernst Langhout.
Mienskip It doarpshûs hjit ”De Singel” en it doarpskrantsje “Op ’e hichte”. Noardwestlik op it plak fan it eardere suvelfabrik grinzget oan de doarpsbebouwing in lytsskalich bedriuweterrein. Achlum hie oant 2007 in Spar-supermerk. It ACA is de ôfkoarting fan 'Activiteiten Comité Achlum'. Tradisjoneel wurde Achlumers foar fjoerskiters útskolden.List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker
Tsjerke thumb|260px|Eardere grifformearde tsjerke
De PKN-gemeente Achlum-Hitsum makket hjoed-de-dei gebrûk fan de twa eardere herfoarme tsjerken fan de doarpen. It neogoatyske grifformearde tsjerkegebou oan de Muontsewei waard yn 2002 foar it lêst brûkt en is dêrnei ferboud as wente.Dorpskanon.nl, oproppen 29 april 2023
Skoalle Yn 2014 binne de iepenbiere en protestantsk-kristlike basisskoalle gearfoege ta It Iepen Finster. Njonken ûnderwiis is der ek berneopfang in in pjutteboartersplak. It doarp ûnderhâld in freonskipsbân mei de stêd Jeji yn Gana.Doarpsside Achlum thumb|260px|Ludingawei thumb|260px|Tanjabuorren Ferienings Side Achlum Aldereinsoas Biljertklub De Bal is Rûn Freonskipsbân Achlum-Jeji Fuotbalferiening Stoarmfûgels '64 Grifformearde frouljusgroep Bidt en Werkt Herfoarme frouljusgroep Bidt en Werkt Iisklub Achlum Jongereinsoas De Dopper Kaartklub De Lêste Troef Keatsferiening Achlum Koar De Singelsjongers Kristlike-maatskiplike frouljusferiening Passaazje Sportferiening Achlum (follybal en gymnastyk) Toanielferienin Nije Krêft
Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 1999 2000 2001 2002 Ynwenners 889 881 824 796 738 652 668 679 674 Jier 2003 2004 2005 2008 2009 2013 2022 Ynwenners 664 666 663 652 635 621 585 thumb|260px|Eardere sneinsskoalle Berne yn Achlum Ulbe Piers Draisma (1785), oprjochter fersekeringsmaatskipij Willem Hellema (1831-1906), boargemaster Jan de Jong (1921–2006), oersetter Atze Bosch (1927-2011), dichter Arjen Draisma de Vries (1843-1936), politikus Tjalling van den Bosch (1955), krêftsporter, dammer
Ryksmonuminten thumb|260px|Kleasterpleats De monumintale romaanske Gertrudistsjerke út de 12e iuw is boud fan dowestien en hat in byldhoude iken preekstoel. De toer is yn de 15e iuw boud en krige yn 1789 in houten bekroaning. Njonken de tsjerke stiet de 18e iuwske kop-romppleats, ek bekend as de Kleasterpleats. Oan de Hitsumerdyk stiet de yn 2007 restaurearre Achlumer Mole. Fan Grut Dearsum bleau it poartegebou út 1658 oer. De pleats is fan jongere datum. thumb|260px|Achlumer mole Oan de Tanjabuorren stiet in sletten rige 19e-iuwske wenten.
Ynfrasruktuer
Bustsjinst Troch Achlum rint de folgjende busline:
Line 75: Minnertsgea - Boalsert fia Frjentsjer
De busline troch Achlum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Wetterferbining Troch de Achlumer Feart is Achlum nei it easten ta ferbûn mei de Arumer Feart en nei it noarden mei it Van Harinxmakanaal.
Strjitten Alle strjitten yn Achlum.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke Kategory:Doarp of stêd yn Frjentsjerteradiel Kategory:Doarp of stêd yn Frjentsjerteradiel (oant 1984) Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân