Jacob Noordmans (Tritsum (Tsjom), 19 febrewaris 1928 - Ljouwert, 25 juny 2017) wie in sjoernalist en âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante út Balk.

Yn 1948 die er eineksamen oan it grifformeard gymnasium-A yn Ljouwert. Nei syn militêre tsjinstplicht studearre er sûnt 1950 Ingelsk oan de steedlike Universiteit fan Amsterdam. Op 1 febrewaris 1952 waard er beneamd by de provinsje-redaksje en hie dêr as lid fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke de rubriken Tsjerkenijs en Geastlik Libben.

Op 1 jannewaris 1966 waard Noordmans beneamd as haadredakteur oan de Ljouwerter Krante neist Eddy Evenhuis. Hy folge dêrmei Tjitte Piebenga op. Hy wie ek dejinge dy't Rimmer Mulder út De Haach wei nei de redaksje fan de Ljouwerter helle. Yn 1989 gie er mei pinsjoen, mar hy gie noch jierren troch mei syn populêre rubryk Gast op Zondag.

Jacob Noordmans waard 89 jier en waard te hôf brocht yn Kûbaard dêr't er grutbrocht waard.

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Persoan berne yn Tsjom Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2017