Foarnamwurden (ôfkoarting: fnw) of omnamwurden binne in wurdsoarte. It is in lytse wurdgroep, mei in beheind tal wurden, want de wurden stean op harsels. De ûnderskate kategoryen foarnamwurden wurde sa yndield: persoanlike en weromwurkjende foarnamwurden wjersidich foarnamwurden besitlike foarnamwurden oanwizende foarnamwurden belûkende foarnamwurden freegjende foarnamwurden ûnbeskate foarnamwurden

Persoanlike en weromwurkjende foarnamwurden De persoanlike en weromwurkjende foarnamwurden binne foarnamwurden wêrfan twa foarmen binne. De ûnderwerpsfoarm (persoanlik) en de foarwerpsfoarm (weromwurkjend).

De ûnderwerpsfoarm stiet yn 'e lofter kolom, de foarwerpsfoarm yn 'e rjochter kolom:

ik my do, jo dy, jo hy, sy/hja, it him, har, it wy ús jim jimme sy/hja har(ren)

Wjersidige foarnamwurden Wjersidige foarnamwurden jouwe oan dat der wat oan wjerskanten bard. Bygelyks yn ‘Hja groeten inoar’, jout inoar oan se beide groetsje. Synomym oan inoar binne elkoar en mekoar. Oare foarmen binne inoarren, elkoarren, mekoarren. De wjersidige foarnamwurden kinne in genityf-s krije om it wjersidich foarnamwurden besitlik te meitsjen.

Besitlike foarnamwurden Besitlike foarnamwurden jouwe dat eat fan in persoan/persoanen is:

— eigenskiplik selsstannich do dy dines jo jo jowes hy syn sines sy har harres it syn sines wy ús uzes jim jimme jimmes sy har(ren) harres

De oanbelangjende wurden yn 'e twadde en tredde kolom hjitte besitlike foarnamwurden.

Oanwizende foarnamwurden Oanwizende foarnamwurden binne: foar de-wurden: dy / dyen, dizze / dizzen; foar it-wurden: dit / ditte, dat / datte; sa'n (by in inkeltal), sa'nt / satnen(t) / sa'n(en)ien, sok (by in it-wurd sûnder meartal), sokke (by in de-wurd sfinder meartal en by meartallen), sokken, soks; itjinge, dejinge(n), datjinge, dyjinge(n); inselde, deselde(n), itselde, datselde, ditselde, dyselde(n); sels (is in fuortsterkjend oanwizend fnw; it kin him oan in persoanlik foarnamwurd hechtsje of by in haadwurd of eigennamrne stean).

Allinnich eigenskiplik brûkber is: sa'n.

Betreklike foarnamwurden Betreklike foarnamwurden binne foarnamwurden dy’t foaroan yn in bysin steane en betrekking ha op wat oars yn in eardere bysin of yn 'e haadsin. Foarbylden binne: dat, dy’t, wa’t, waans, wat.

Freegjende foarnamwurden De selsstannich brûkte freegjende foarnamwurden binne: wa, wat, wêr, wannear, wêrom, hoe wêr yn kombinaasje mei in ferhâldingswurd, lykas yn wêrmei, wêrby, wêrachter

Foar in haadwurd kinne ek freegjende foarnamwurden steane. De gebrûkliksten binne: watfoar, watfoar in/ien; hok, hokke, hokker, hokfoar, hokfoar in hoe'n, hoe'nen

It freegjend foarnamwurd hoe kin ek mei in ferfangend haadwurd ta ien nij wurd gearrane. Foarbylden binne: hoe'n ien, hoe'nent

Unbeskate foarnamwurden Unbeskate foarnamwurden ferwize nei in ûnbepaalde persoan of saak, dy't men net neier beneame kin of wol. Yn dat ramt wurde de neikommende wurden ta de ûnbeskate foarnamwurden rekkene: men, se/jo/je, (-)ien, irnmen, nimmen, eat (literêr), wat, neat, it, gjin, gjinien, gjinnen(t), glint, dizze en jinge, dizze of jinge, (de,it) ien of oar(e), elk, elkenien, eltsenien, al, alles, rnannich(ien), guon(t), guods, guodden.

Keppelings om utens

útlis foarnamwurden troch Henk Wolf

Kategory:Wurdsoarte