Bynwurden binne in wurdsoarte. De neikommende wurden kinne ta de bynwurden rekkene wurde: en, as, of, dat, om, oft, meidat, wannear't, sawol, noch. By de wurdsoarte hearre twa ûnderskate kategoryen: lykskikkende en ûnderskikkende bynwurden.'
Lykskikkende bynwurden De meast brûkte lykskikkende bynwurden binne: en: skeakelet de saken neutraal efterinoar; mar: bringt in tsjinstelling oan; of: jout in kar út mear mooglikheden oan; want: jout in beskate reden om; noch: keppelet en ûntkent; dat, dus: jouwe in gefolch oan.
Fan dy bynwurden kinne want, dat en dus allinnich tusken sinnen! De oare fjouwer kinne sawol tusken sinnen as tusken wurden/wurdgroepen.
Underskikkende bynwurden dat: makket in part fan de sin befêstigjend; as: by ferliking, betingst as tiidoantsjutting; oft: by freegjende sinnen en twiveljende/ferûnderstellende sinnen.
Keppeling om utens
Kategory:Wurdsoarte