Foarfallen
Yn it East-Romeinske Ryk wurdt Konstantyn VI opfolge troch syn mem Irene dy't him de eagen útstekke lit. Hja kroanet harsels ta keninginne mar Karel de Grutte beskôget de keizerskroan as fakant (Destiids miende men dat der mar ien keizer wêze koe). Alfonso II fan Astuerje ferovert Lissabon opnij op de moslims. Opnij hâlde de Franken in fjildtocht tsjin de Avaren. It iens sa machtige buorryk is no danich ferswakke. De neatûntsjende herovering fan Saksen is no sa fier dat Karel der feilich Avaarske en Fisigoatyske gesanten ûntfange kin yn in nij stifte delsetting, Herstelle.
Berne
Ferstoarn
Kategory:8e iuw