Willem Johannes Valk (Zoeterwoude, 22 oktober 1898 - Bennebroek, 6 novimber 1977) wie in Nederlânsk byldhouwer.

Hy krige syn oplieding oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende keunsten yn De Haach. Fan 1921 oant 1963 wie er dosint oan Akademy Minerva yn Grins. Hy wie learmaster fan ûnder oare Wladimir de Vries, Klaas van Dijk, Thees Meesters en Rinus Meijer. Skulptueren fan him binne meast fan brûns en stien. Yn 1955 is de Kultuerpriis fan de provinsje Grinslân takend oan Valk.

Wurken yn Fryslân Drachten sûnder titel (1961)

Drylts Mr. S.M. van Haersma Buma (1947)

Harns Joaris en de draak (oarlochsmonumint) (1950)

Ljouwert Bijekoer (1965)

Snits oarlochsmonumint (1950)

Tsjalhuzum De Hoanne (1951)

Keppeling om utens Keunstwurk.nl (Fryslân) Kunstopstraat.nl (Grins)

Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Akademy Minerva Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1977