thumb|Alvestêderider, Ljouwert Auke Hettema (Ljouwert, 7 desimber 1927 - Amsterdam, 19 maaie 2004) wie in Frysk byldhouwer.

Libben en wurk Hettema studearre fan 1947 ôf, tagelyk mei syn twillingbroer Renze Hettema, byldhoukeunst by ûnder oaren heechlearaar Piet Esser oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam, de stêd dêr't er syn hiele libben wenje bleau.

Hettema behearde ta de generaasje Nederlânske byldhouwers dy't nei de Twadde Wrâldkriich harren karriêre út ein setten mei it meitsjen fan oarlochs- en fersetsmonuminten. In foarbyld dêrfan is it fersetsmonumint yn de Prinsetún y Ljouwert.

Yn 1951 waard de Prix de Rome oan Hettema takend.

Wurken in Fryslân Ljouwert Wol forbûke net forslein, oarlochsmonumint (1955), Prinsetún Iisfretter of Alvestêderider (1966), Heliconwei It Fryske Hynder (1981), Nijstêd

Fotogalery

Keppeling om utens Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2004