Foarfallen Yn Fritzlar wurdt op foarstel fan de stjerrende keizer Koenraad I, Hindrik I fan Saksen, byneamd de Fûgelder, ta kening keazen. De Noarmannen falle Bretanje binnen en plonderje it. Se nimme Nantes yn. Der komt sa in ein oan in tiidrek fan ûnôfhinklikheid en wolfeart. Byzantsium wurdt ferslein troch Simeon I fan Bulgarije. Yn de Slach by Lang-shan Jiang (de Rivier fan de Wolfberch) ferslaat de rivierfloat fan de Wen-Mu-King Chien Yuan Kuan. Se brûke dêrby 'fjoeroalje' en flammesmiters ûntstutsen mei buskrûd. Dit is de âldste fermelding fan it brûken fan fjoerwapens.
Berne
Ferstoarn
Kategory:10e iuw