Foarfallen Om dit jier hinne begjint de bloeitiid fan it Ryk fan Gana. Sancho III fan Gaskonje komt oan it bewâld. De Angelsaksen nimme East Anglia werom fan de Denen. De Welske foarst Howell de Goede ferienet Dyfed en Seisyllwg en stiftet sa in nij keninkryk, Deheubarth. Kening Karel de Ienfâldige fan Frankryk krijt te meitsjen mei in opstân ûnder de adel fanwege syn belied foaroer de Lotaringske greve Hagano. Hartoch Robert nimt him finzen. Aartsbiskop Herveus fan Reims wit troch ûnderhannelings Karel de Ienfâldige wer frij te krijen en werom op de troan te krijen. Berne 10 septimber - Loadewyk IV fan Frankryk Haakon I fan Noarwegen
Ferstoarn
Kategory:10e iuw