George Orwell (Motihary, 25 juny 1903 - Londen, 21 jannewaris 1950), wiere namme Eric Arthur Blair, wie in Britsk skriuwer em sjoernalist.
Libben en wurk Blair waard berne yn Yndia, as soan fan de Skotske Richard en Ida Blair. Doe't er ien jier âld wie naam syn mem him mei nei Ingelân dêr't er op in typysk Ingelske wize grutbrocht waard.
Hy tsjinne fan 1922 ôf fiif jier by de plysje in Birma, oant er it ymperialisme net mear oansjen koe. Yn 1933 keas er it pseudonym George Orwell, in ferwizing nei it Ingelske lânskip: "George" is Sint Joaris, de beskermhillige fan Ingelân; "Orwell" is de rivier de Orwell yn Suffolk, dy't er ien fan de moaiste plakken fan Ingelân fûn. Yn de Spaanske boargeroarloch focht Orwell mei yn de Ynternasjonale Brigade, dêr't er slim ferwûne by rekke.
Yn 1936 troude er mei Eileen O'Shaughnessy. It pear adoptearre in soan, Richard Horatio Blair. Yn dy tiid krige Orwell ek mear súkses as skriuwer, en yn 1944 skreau er syn bêste wurk, Animal Farm ('Bistepleats'), dat yn 1945 útkaam. It boek is in satire, skreaun as in oanklacht tsjin it Stalinisme. Yn datselde jier ferstoar syn frou by in operaasje.
Yn 1948 skreau er it boek dêr't er it meast ferneamd mei wurden is, Nineteen eighty-four ('Njoggentsjin-fjouwerentachtich'). It beskriuwt in takomstige, totalitêre wrâld, dêr't de minske folslein troch de steat oerhearske wurdt. It jiertal "1984" woe net sizze dat Orwell foar dat jier sa'n takomst foarseach; it wie gewoan "1948" mei twa sifers oarsom. It boek kaam út yn 1949. Yn de hjerst fan dat jier troude er op 'e nij, mei Sonia Brownell. Op 21 jannewaris 1950 ferstoar George Orwell oan tuberkuloaze.
Orwell syn wurk Down and Out in Paris and London (1933) — Burmese Days (1934) — A Clergyman's Daughter (1935) — Keep the Aspidistra Flying (1936) — The Road to Wigan Pier (1937) — Homage to Catalonia (1938) — Coming Up for Air (1939) — Animal Farm (1945) — Nineteen Eighty-Four (1949) —
Keppeling om utens Ta betinken fan George Orwell Mimesis yn 1984 fan George Orwell "Wy binne de Deaden" troch Wyndham en Orwell
Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Ingelsk science fiction-skriuwer Kategory:Ingelsk fantasyskriuwer Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Ingelsk essayist Kategory:Ingelsk toanielskriuwer Kategory:Ingelsk senarioskriuwer Kategory:Ingelsk deiboekskriuwer Kategory:Ingelsk autobiograaf Kategory:Ingelsk polityk skriuwer Kategory:Ingelsk sjoernalist Kategory:Ingelsk amtner Kategory:Ingelsk polityk aktivist Kategory:Ingelsk sosjalist Kategory:Ingelsk ateïst Kategory:Ingelsk soldaat Kategory:Britsk skriuwer yn it Frânsk Kategory:Ynternasjonaal frijwilliger yn de Spaanske Boargeroarloch Kategory:Ingelsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1950
ml:ജോര്ജ്ജ് ഓര്വെല്