Wymbritseradiel (sûnt 1986 offisjeel Frysk; Nederlânsk: Wymbritseradeel), ynformeel ek wol Wymbrits neamd, is in eardere gemeente yn 'e Fryske Súdwesthoeke, dy't ûntstie by de gemeentlike weryndieling fan 1984. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 2010 16.151 ynwenners, en besloech in oerflak fan 162,74 km², wêrfan 24,41 km² wetter. Op 1 jannewaris 2011 fúzjearre Wymbritseradiel yn 'e mande mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel, ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.

Skiednis Weryndieling By de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie men fan doel om it âlde Wymbritseradiel mei de beide stedsgemeenten Snits en Drylts, dy't der as enklaves alhiel troch omjûn waarden, ta ien gemeente gear te foegjen. Nei ferheftige protesten fan 'e ynwenners fan Snits, dat selsstannich bliuwe woe, mar ek fan Wymbritserdiel, dêr't freze waard dat Snits binnen de nije gemeente te oerhearskjend wurde soe, joech men dat plan lykwols op.

By einbeslút waarden it âlde Wymbritseradiel en Drylts gearfoege, wêrby't it gemeentehûs yn 1986 yn Drylts kaam te stean (it gemeentehûs fan it âlde Wymbritseradiel hie altyd bûten de eigentlike gemeentegrinzen yn Snits stien). De gemeente Snits bleau selsstannich, mar mocht de doarpen Ysbrechtum, Loaiïngea en Offenwier anneksearje, dy't earder altyd ta it âlde Wymbritseradiel heard hiene. Fierders kaam Nijhuzum by Nijefurd te hearren. Oan de oare kant kamen Kûfurderrige fan Doanjewerstâl en Greonterp fan Wûnseradiel by it nije Wymbritseradiel.

By in nije gemeentlike weryndieling fúzjearre it nije Wymbritseradiel op 1 jannewaris 2011 yn 'e mande mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wûnseradiel, ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.

Gea Yn 2010 is de lânynrjochting Wymbritseradiel ôfsletten. By dy ynrjochting fan njoggentjin jier binne maatregels foar de lânbou naam en 245 bunder natoer oanlein.

Plakken De haadstêd is Drylts, en de oare plakken yn de gemeente binne: Abbegea, Aldegea, Blauhûs, Easthim, Folsgeare, De Gaastmar, Gau, Goaiïngea, Greonterp, Heech, De Hommerts, Idzegea, Yndyk, Ypekolsgea, Jutryp, Koufurderrige, Nijlân, Sânfurd, Skearnegoutum, Smelbrêge, Toppenhuzen, Tsjalhuzum, Turns, Twellingea, Wâldsein, Westhim en Wolsum.

Untwikkeling ynwennertal 2006 - 16.153 2005 - 16.354 2004 - 16.314 2003 - 16.204 2002 - 16.174 2001 - 15.941

Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan grytmannen fan Wymbritseradiel

Keppeling om utens Webstee Wymbritseradiel

Kategory:Súdwest-Fryslân Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1984 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2011