thumb|Zantema achter syn buro, om 1975 hinne Jacobus Wisses Zantema (Dearsum, 3 maart 1918- Ljouwert, 1 desimber 2008) wie de redakteur fan it Frysk wurdboek fan Zantema. Hy skreau ek de Fryske bernebibel ‘Bliid boadskip’ (1965), mei 43 bibelferhalen. It earste eksimplaar fan dit troch de KFFB útjûne boek waard yn septimber 1965 oanbean oan Keninginne Juliana op Paleis Soestdijk.
Zantema wie skoalmaster yn Jelsum-Koarnjum, dêr’t er jierrenlang wenne hat. Hy wie frijwilliger by de Fryske Akademy dêr't er meiwurke oan de tarieding fan it Fryske wurdboek. Fan ein 1977 oant maart 1981 wie er offisjeel yn tsjinst as redakteur fan it wurdboek dat yn 1984 útkaam. Zantema waard njoggentich jier en stoar yn syn wenplak Ljouwert.
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk publisist Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Bibeloersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn Dearsum Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2008