thumb|Osingastate
Osingastate wie in state by Skettens, by de buorskip Sotterum. Fan oarsprong hat it nei alle gedachten in sealstins west, boud yn 'e 15e iuw. De state hat bewenne west troch Skelte fan Aysma. Yn de tiid dat Jabik Stellingwerf it gebou tekene hat, likernôch 1722, wie it dúdlik in state. Letter, mooglik om 1743 hinne, is it in pleats wurden, mar it hat hieltyd noch it grutte hiem en de grêft fan de state. De pleats baarnde yn 1982 ôf, wêrnei't der in bungalow mei stâlen foar yn it plak kaam.
De Van Osingawei yn Skettens is neamd nei dizze state.
Sjoch ek Osingastate (Kimswert) yn Kimswert Osingastate (Dronryp) yn Dronryp. Osingastate (Langwar) yn Langwar.
Keppeling om utens Oer de Osingastate fan Skettens
Kategory:State Kategory:Skettens Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Wûnseradiel Kategory:Stins of state yn Súdwest-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 18e iuw