thumb|right|220px|Jonge thumb|right|220px|Grutte Gearkomst thumb|right|220px|Seedyk Douwe Elias (folsleine namme: Douwe Elias Kamstra; Ljouwert, 19 oktober 1952) is in Fryske romantysk-realistyske keunstskilder út Frjentsjer. Elias krige tusken 1974-1979 syn oplieding oan de Akademy Minerva yn de stêd Grins. Hy basearret him op de âlde ambachtlike skilderkeunst. Syn fassinaasje giet benammen út nei eigenskippen fan fervesoarten en fan kleuren. De minsken yn syn wurk binne dúdlike types, mar sjogge dochs wat mysterieus om har hinne. Ljocht, skaad en komposysje drage deroan by. Syn eigen styl falt net ûnder moadieuze streaming, mar kin rekkene wurde ta de Noardlike Realisten.
Underwerpen Alde swart-wyt foto's binne in oare ynspiraasjeboarne, mar ek: Geastlik beheinde bern. Soks komt nei alle gedachten trochdat hy is de soan is fan âlden dy't yn it blû wurken. Lân- en stêdsgesichten, faak driigjend Kafee-ynterieurs mei romtlike wurking Neakens Utsjoch út syn atelier wei
Sûnt 1999 hat Douwe Elias ek de galery yn it pân fan de eardere Frjentsjerter Krante oan de Eise Eisingastrjitte yn Frjentsjer. Eksposysjes fan syn wurk wienen û.o. yn it Frysk Museum, 't Coopmanshûs en It Prinsessehof. Wurken binne ek kocht troch grutte bedriuwen as bg. FBTO, Nuon en ING. Fierders is syn wurk opnaam yn de samlingen fan: Nationale Nederlanden Frysk Museum Drintsk Museum Avéro Achmea Loyens & Loeff Gemeente Ljouwert (portret Keningin Beatrix) Ryksuniversiteit Grins (professoareportretten) Tresoar (portretten winners Gysbert Japicxpriis)
Publikaasjes Douwe Elias, utj. Van Speijk, Venlo; ups & Downs, utj. Waanders, Swol; Ware Grootte, uitg. Friese Persboekerij, Ljouwert.
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1952 Kategory:Akademy Minerva Kategory:Skiednis fan Frjentsjer