thumb|Detail Súdlaardermerkmonumint Frans Ram (Schiedam, 23 maart 1948) is in byldzjende keunstner út Hegebeintum. Ram folge in oplieding oan de ABK Willem de Kooning yn Rotterdam. Hy makket figurative mins- en bistefigueren yn brûns. Syn abstrakte wurk makket er benammen fan natuerlike materialen as moarmer, granyt of hurdstien. Op It Amelân stean fiif bylden fan syn hân. By gelegenheid fan de 800e Súdlaardermerk, makke hy yn 2000 in libbensgrut monumint fan in hynder en twa keaplju. Tema fan syn wurk is Natoer en Lânskip, soms realistysk, dan wer abstrakt. As materiaal brûkt Ram waarfêst stiel, brûns en kombinaasjes fan materialen. Hy wurket frij, mar ek wol yn opdracht.

Wurken (in kar) thumb|right|120px|Freark fan Hallum thumb|right|120px|Wim Duisenberg thumb|right|120px|Us Abe thumb|right|120px|De Slykwurker yn Swarte Hoarne thumb|Blijer Bellefleur troch Frans Ram (doorpsvernijing 1993) Ballum De Dykwachters (1991), Reewei Hynders (1998), Jelmerawei 1

Damwâld Master Klok (1999), Foarwei/Achterwei

Formearum Willem Barentsz (1996), Badwei

Garyp Klaas Koopmans (2005)

It Hearrenfean Abe Lenstra (1994), by it stadion Wim Duisenberg (2007), Lindegracht

Hallum Freark fan Hallum (1978), Gedempte Haven

Hollum Hidde Durks Kat (1994), Hidde Dirks Katstrjitte

De Jouwer De Wannelers (1989)

Nes Kardinaal de Jong (1982), Kardinaal de Jongwei

Sint Jabik De Slykwurker (1983)

Snits Touslagger (2003), Bockemakade, yn opdracht fan Lankhorst

Warkum Boarstbyld Jopie Huisman (2001)

Tsjummearum/Koehoal De Waadfisker (2004)

Súdlaren Súdlaardermerk Monumint (2000), Stasjonsstrjitte

It Hearrenfean Wim Duisenberg (2007), Lindegracht

Burgum Poepekrús (2009), Simmerwei

Frans Ram hie eksposysjes yn Museum Willem van Haren (2007)

Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Hegebeintum Kategory:Persoan berne yn 1948