Inez Timmer (Dedemsfeart, 1954) is in Nederlânsk sjongster berne yn Dedemsfeart.
Inez folge in oplieding ta learares en stie foar de klas oant har njoggenentweintichste. Tusken 1975 en 1983 song se yn Irolt. Nei har relaasje mei Nanne Kalma studearre se jazz oan it konservatoarium yn Hilversum. Se krige les fan Greetje Kauffeld. Se studearre ôf as jazzsjongeres, mar die dêr ynearsten net folle mei. Yn 1991 die se mei yn de formaasje It Aai fan Abel. Dêrneist song se wol Fryske en Ingelske ferskes, faak waard se dan begelaat troch Peter van der Zwaag. Yn datselde jier helle se mei Frederike Kleefstra de finale fan Liet '91 mei Wy geane ús eigen paad. Omdat se yn de kaartebak by Joop van den Ende siet, mocht se audysje dwaan foar de musical Cyrano. Se waard oannomd en begûn in musicallibben.
Eastenryk en Dútslân Nei The Phantom of the Opera ferfart se nei Wenen. Yn Eastenryk en Dútslân krijt hja yn alle bekende musicals in grutte rol. Nei acht jier giet Timmer in skoft út it muzikale wurk. Se miste de ynteraksje mei it publyk. Se waard solist en letter entertainment manager op in grut cruiseskip. Op ien fan de cruises moete se har man Peter. Se wenje úteinlik yn it Dútske Essen.
Werom nei Fryslân Doe't se hearde dat Leonard Cohen yn it Frysk opfierd waard woe se werom om by te dragen oan de Fryske kultuer. Ein 2012 begûn se wer mei it Fryske teäterprogramma Inez. Hja hie Heimat & Heitelân skreaun, in foarstelling oer it wikseljen tusken twa kultueren. De foarstelling Op alle Fronten waard bekroand mei 5 stjerren fan de Ljouwerter Krante. Se skittere yn 2019 as Mme Armfeld yn A Little Night Music en krige in nominaasje foar bêste byrol. Datselde jiers waard se heale finalist yn The Voice Senior en yn july 2021 wint Inez it Alderein Sjongfestival yn Amsterdam. Inez Timmer-t flink aan de weg!, Senioarekrante 2021
Kar-út fan foarstellings dêr't Inez Timmer oan meiwurke: Seizoen Produksje Produsint 1979-1980 Frou Minske Tryater 1992-1993 Cyrano de musical Joop van den Ende Theaterproducties BV 1993-1994 The Phantom of The Opera Joop van den Ende Theaterproducties 2013-2014 Heimat & Heitelân Inez Timmer 2015-2016 Op alle fronten Inez Timmer 2018-2019 A Little Night Music Nederlandse Reisopera 2022-2023 Ut Liwwadder bieroproer fan 1487 BUOG 2022-2023 Cantare & Mangiare Inez Timmer 2024 - 2025 Wakend oog BUOG 2024-2025 Baas Giele Taksy Inez Timmer
Yn 2026 hie Timmer ek in rol yn 'e Fryske film Lulk fan regisseur Janko Krist.
Diskografy Join the ducks(1979) CD's mei oaren: Aaipop (1992) De Beste fan Omrop Fryslân (1992) De Beste fan Omrop Fryslân, diel 2 (1993) De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3 (1998)
Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk jazzartyst Kategory:Nederlânsk musicalakteur Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk trompettist Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1954