Stien Terpstra-Strampel (Reduzum, 11 maaie 1957) is in ûnderwizeres en keunstner út Callantsoog.

Nei har stúdzje oan de Ryks Pedagogyske Akademy yn Ljouwert wurke se earst op De Gordyk en ferhuze letter nei Callantsoog.

Se folge lessen by Lydia Fisher, Ton Dorbeck. Nei de earste faze yn potlead en pastelkryt makke Stien letter akwarellen. Troch ynfloed fan Anna Kool-Troost brûkte se ek oare materialen en ûntstie it earste trijediminsionale wurk.

De ideeën ûntsteane faak tafallich út materiaal en kleur of binne ûntliend oan de natoer.

Foar alle groepen fan de basisskoalle makke se in leskiste dêr't in tentoanstelling mei makke wurde kin. Sûnt 2007 jout Stien Strampel-Terpstra ek workshops.

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Reduzum Kategory:Persoan berne yn 1957