Wim Beckers Groep wie in Fryske folksmuzykgroep oprjochte yn Frjentsjer en wie aktyf tusken 1981 en 1993.

Skiednis Wim Beckers is in Fryske sjonger. Hy spile earst yn groepen as Violate en Sinkel. Nei it festival 'Frentsjip' yn Frjentsjer gie hy yn 1981 oer fan it spyljen fan Top-40 muzyk op folksmuzyk.

Hy kaam yn de kunde mei akkordeonist, gitarist en banjospiler Cees Bouma út Ljouwert. Tegearre spilen se rûnom yn Fryslân, makken radio opnames by Omrop Fryslân en spilen op Aaipop en oare festivals. Yn 1982 kaam dwersfluitist Bart Wijnen der by. Nei de komst fan Marijke Feenstra (sang) en Jan Ottevanger (bas/tuba) waard de namme Wim Beckers Groep.

Doe't Fryslân's soan yn 1993 útkaam op CD blykte de ynspiraasje lykwols op en kaam in ein oan de Wim Beckers Groep. Wim Beckers en Jan Ottevanger gienen tegearre fierder yn de groep Om 'e Noard.

Diskografy Bart, Wim en Cees (LP) Fryslân's soan , oer Piter Jelles Troelstra (CD) Starum 21 maart 1982 Kofjekonsert mei Wim en Cees, Doede Bleeker en Mindert Wynstra (LP/CD)

Kategory:Fryske folksmuzykband Kategory:Band oprjochte yn 1981 Kategory:Band opheft yn 1993