thumb|Rienk van Veen yn 1912(fotograaf H. Deutmann) Rienk van Veen (De Lemmer, 30 augustus 1865 - De Haach, 1 maaie 1929) wie in Frysk politikus.
Van Veen wie in ôffurdige foar de frije-antirevolúsjonêren, letter kristlik-histoarysken.
Hy wie berne yn Fryslân, mar wie abbekaat yn Grinslân en letter yn De Haach. Yn Grins siet er fan 1885 oant 1901 yn de gemeenteried. Fan 1901 ôf wie er Twadde Keamerlid foar it distrikt Dokkum. Hy late yn de perioade 1918-1924 de krisis-enkêtekommisje, in steatskommisje dy't ûndersyk die nei de útfiering fan de Distribúsjewet.
Hy wie de skoansoan fan de foaroansteande Fryske antirevolúsjonêr Walle Melis Oppedijk. Syn soan Mr. Walle Melis Oppedijk van Veen wie fan 1936 oant 1971 boargemaster fan Warkum en Tytsjerksteradiel.
Rienk van Veen hearde ta de Nederlânske Herfoarme Tsjerke en waard yn 1909 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:CHU-politikus Kategory:Nederlânsk gemeenteriedslid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op De Lemmer Kategory:Skiednis fan Dokkum Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1865 Kategory:Persoan stoarn yn 1929