De Slaven hearre ta ien fan de grutste etnyske groepen yn Jeropa en hearre by de Yndo Jeropeeske folken. Sy wurde yndield yn de Eastslaven (Russen, Grutrussen, Wytrussen en Oekraïners), Westslaven (Poalen, Kasjûben, Tsjechen, Slowaken en de Sorben), en Súdslaven (Serven en Kroäten, Slovenen, Bulgaren en Masedoanjers).

De earste Slavyske stammen wennen fan sa'n 2500-1000 f.Kr. yn Poalen en de Oekraïne. Fan de 5e iuw ôf wreide harren gebiet hiel bot út. Tsjintwurdich bestiet tusken de Slavyske folken allinnich noch taalbesibbens.

Sjoch ek List mei Slavyske folken

Kategory:Etnyske groep yn de Aldheid Kategory:Yndo-Jeropeesk folk