Klaas Norel, ornaris oantsjut as K. Norel (Harns, 9 novimber 1899 – Baarn, 4 maaie 1971) wie in skriuwer fan benammen berneliteratuer en fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich.

Libbensrin Nei syn legere skoalletiid gie er nei de ULO, mar nei it ferstjerren fan syn heit moast Norel doe't er 14 jier wie,fan skoalle ôf. Hy gie op in kantoar wurkjen om sadwaande thús wat jild yn te bringen. Dochs wie it kantoarwurk nei wat de jonge Norel woe. Nei't er yn tsjinst west hie gie er de sjoernalistyk yn. Hy wie redakteur by ûnder oare ‘de Vrije Westfries’ en it wykblêd ‘De Spiegel’.

Norel blykte oer in flotte pinne te beskikken en op oanrieden fan in kunde skreau er syn earste boek: ‘Land in zicht’ oer de drûchlizzing fan de Sudersee. It boek ferskynde yn 1935 en wie daliks in súkses. Norel syn earsteling hie al de eleminten dy't syn lettere oeuvre skaaimerkje soene: aventoer, spanning en wetter. Hy wie in berne ferteller, dy't him dêrneist goed dokumintearre en wist wêr't er oer skreaun. Der ferskynden mear, wylst Norel dêrneist wurkjen bleau as sjoernalist.

Yn maaie 1940 waard Nederlân beset troch Nazy-Dútslân. Norel wie ien fan de earsten dy't him fersette. Yn juny hie er de twiveleftige eare om as ien fan de earste sjoernalisten arrestearre te wurden troch de besetter. Hy ferdwûn foar trije wike efter de doarren fan de finzenis. Nei syn frijlitting bleau Norel him fersetten, hy wegere lid te wurden fan de Kultuerkeamer en gie yn it ferset. Al gau dûkte er ûnder en waard redakteur fan de fersetskrante ‘Trouw’. Yn syn ûnderdûkerstiid skreau er ek it boek dat útgroeie soe ta ien fan syn ferneamdste wurken:Engelandvaarders.

Nei de oarloch waard er sjef binnenlân by it wilens legaal útkommende “Trouw”. Dêrneist bleau Norel boeken skriuwen. De kombinaasje fan syn soad easkjende baan mei it skriuwerskip feroarsake sûnensklachten yn de foarm fan in mageswolm. Norel hie yn 'e gaten dat er in kar meitsje moast en yn 1946 besleat er him hielendal oan it skriuwen te wijen. Yn in oanhâldend tempo levere er jierliks meardere manuskripten yn by syn útjouwer. Meiïnoar ferskynden der hûnderttritich titels. Norels boeken wiene populêr. De haadpersoanen út syn boeken, hast allegear manlju en jonges, binne stoer, aventoerlik en benammen fan protestantsk-kristlik komôf. Yn Engelandvaarders bygelyks ‘bekeart’ haadpersoan Evert Gnodde, in fiskerssoan fan Urk, syn sosjaaldemokratyske kammeraat Jan ta it kristlike leauwe. Dêrneist binne de boeken frijwat swart-wyt. De helden binne sûnder blaam, de smjunten sûnder útsûndering labbekakkich. Nettsjinsteande dat brekme oan nuânse litte de boeken har flot lêze.

Norel wie ek aktyf yn de tsjerke, hy waard meardere kearen as âlderling keazen en redigearre er in tsjerkeblêd. Mear en mear hong er oer nei oekumene, sa wie er aktyf belutsen by it gearranen fan de roomske en protestantske politike partijen ta it CDA.

Yn 1971 kaam Norel om by in auto-ûngelok. Hy leit begroeven op it Amsterdamske begraafplak Zorgvlied.

Foar safier bekend, draacht ien basisskoalle syn namme. De kristlike basisskoalle K. Norel yn Epe (Gld).

Boeken In kar: Land in zicht, 1935 Het getij verloopt, 1937 Drie op een schots, 1939 Doctor Frans, 1942 Hoeve de Eenhoorn, 1942 Engelandvaarders, 1945 (trilogy: Vogelvrij, Vuur en Vlam en Verzet en Victorie) Strijders, 1946 Verzet en victorie, 1947 De tyrannie verdrijven, 1947 Scheepsmaat Woeltje, 1948 (trilogy mei Stuurman Aart en Schipper Wessels) Stuurman Aart, 1949 Mannen van Sliedrecht, 1949 Schipper Wessels, 1950 Ik worstel en kom boven, 1953 Loods aan boord , 1957 S.O.S. "Wij komen!", 1959 Varen en Vechten, 1961 (trilogy: Eerste wacht, Hondenwacht en Dagwacht) Vliegers in het vuur, 1963 (trilogy: Met de rug tegen de muur, Trillende Evenaar en Voorwaarts!) Mannen en dijken, 1965 De monnik van Wittenberg - Maarten Luther Coasters varen uit ? Van Doggersbank tot Barentszee Op de grote vaart Bij de marine

Keppelingen om utens Profyl K. Norel yn de DBNL Oersjoch fan syn wurken, Keninklike Bibleteek (Nederlân)

Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1971