Simon Vestdijk (Harns, 17 oktober 1898 – Utert, 23 maart 1971) wie in Nederlânsk skriuwer fan romans en koarte ferhalen, dichter, essayist, oersetter, muzykkritikus en dokter. Hy waard benammentlik bekend troch de roman De Koperen Tuin en de boeken fan 'e Anton Wachter-syklus, wêrûnder Terug tot Ina Damman. Syn útsûnderlik grut oeuvre bestiet út 24 dichtbondels, 33 essaybondels, 57 koarte ferhalen en novellen, 52 romans, 2 neilitten romanfragminten, publisearre briefkerijen, gâns oersettings en fierders hûnderten artikels yn kranten en tydskriften.

Biografy Jonkheid Vestdijk waard yn 1898 berne as it ienlingsbern fan Simon Vestdijk sr. en dy syn frou Anne Mulder. Hy wie hikke en tein yn Harns, dat yn in stikmannich fan syn boeken weromkomt as "Lahringen". Nei't er de legere skoalle trochrûn hie, gied er yn Harns nei de HBS, dêr't syn heit, in strang man, gymnastyklearaar wie. Doe't er foar dy trijejierrige oplieding slagge wie, learde er fierder oan 'e Ryks-HBS te Ljouwert. Vestdijk koe op skoalle goed meikomme wat de learstof oanbelange, mar fûn net folle oansluting by syn klasgenoaten. Sûnt syn santjinde hied er geregeldwei lêst fan depressiviteit. Syn jonkheid yn Harns en Ljouwert beskreau er letter ûnder mear yn 'e Anton Wachter-syklus.

Oplieding Fan bern ôf oan útfanhûze Vestdijk geregeldwei by syn pake en beppe yn Amsterdam, dêr't er him yn 1917 oan 'e Universiteit fan Amsterdam ynskreau as studint yn 'e medisinen. Hy studearre dêr fan 1917 oant 1927, en it wie yn dy perioade dat er mei Jan Slauerhoff yn 'e kunde kaam, dy't doe deselde oplieding folge, en krekt as hy lid wie fan 'e Amsterdamske studinteferiening Unitas Studiosorum Amstelodamensium (USA). thumb|left|Simon Vestdijk mei syn âlden, yn 1917.

Yn 1918 debutearre Vestdijk mei in essay fan oardel side, ûnder de titel Gestileerde Waarnemingen, yn it studinte-almenak fan 'e USA. Yn 1926 naam foar it earst in literêr tydskrift gedichten fan him op; yn De Vrije Bladen ferskynde Riem-zonder-eind en datselde jiers ek Zonsondergang. Yn deselde tiid tocht Vestdijk deroer om yn 'e muzyk troch te gean en naam er in healjier lessen yn harmony en kontrapunt. Yn 1927 died er dokterseksamen, wêrnei't er oant 1932 as dokter yn praktiken yn hiel Nederlân wurke. Noch altyd net wis fan syn ropping studearre er yn 1928 yn Leien in skoftke filosofy, mei as haadfak psychology. Ek hold er him dwaande mei astrology. Krekt as Slauerhoff wied er skipsdokter, al duorre dat mar koart. Nei 1932 wijde er him hielendal oan 'e literatuer.

Skriuwkarriêre Yn 1932 makke Vestdijk syn offisjele debút as dichter mei de útjefte fan 'e bondel Verzen yn De Vrije Bladen. Beskiedend foar Vestdijks úteinlike kar foar de literatuer wie syn moeting yn 1932 mei Eddy Du Perron en Menno ter Braak. Dy moeting hie fan gefolgen dat er lid waard fan 'e redaksje fan it tydskrift Forum. Koart dêrnei, yn 1933, waard syn earste novelle, De Oubliette, útjûn. Itselde jiers skreau er Kind tussen Vier Vrouwen, dat, wegere troch de útjouwer, letter de basis foarmje soe foar de earste trije dielen fan 'e Anton Wachter-romans. As earste fan dy syklus waard yn 1934 Terug tot Ina Damman publisearre troch de útjouwerij Nijgh & Van Ditmar. Dy útjouwer en (sûnt 1946) útjouwerij De Bezige Bij soene oant it ferstjerren fan Vestdijk, yn 1971, syn hiele proaza-oeuvre publisearje.

Nei 1936 wenne Vestdijk gear mei Ans Koster-Zijp, oant har ferstjerren yn 1965. Fan febrewaris 1938 oant juny 1939 wie Vestdijk redakteur keunst en letteren fan 'e Nieuwe Rotterdamse Courant (NRC). Yn deselde perioade waard him de C.W. van der Hoogt-priis takend foar syn roman Het Vijfde Zegel. Under de Twadde Wrâldoarloch waard Vestdijk fan 4 maaie 1942 oant ein febrewaris 1943 troch de Dútske besetters fêstholden as gizelder yn Sint-Michielsgestel en Skeveningen. Nei syn frijlitting rekke er in hoart yn in djippe depresje, en pas yn 1944 wied er safierhinne opknapt dat er wer begjinne koe te skriuwen.

Fan 1945 oant 1948 wie Vestdijk redaksjelid fan Centaur en kritikus foar Het Parool, en yn 1949 waard er redakteur fan it tydskrift Podium en meiwurker fan it Algemeen Handelsblad. Hy krige yn 1951 de P.C. Hooft-priis foar syn yn 1947 ferskynde roman De Vuuraanbidders. Yn 1955 waard er ferheft ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau en krige er de Constantijn Huygens-priis fan 'e Jan Campertstichting foar syn hiele oeuvre, dat op dat stuit sa'n 80 titels telde. It PEN-sintrum Nederlân droech him yn 1957 as earste Nederlanner foar de Nobelpriis foar de Literatuer foar, dy't him lykwols nea takend waard. Wol krige er yn 1964 fan 'e Ryksuniversiteit Grins in earedoktoraat yn 'e letteren.

Lêste jierren en dea Nei it ferstjerren fan Ans Koster-Zijp, yn 1965, boaske Vestdijk mei Mieke van der Hoeven (1938-2018), mei wa't er op jierren noch in soan (1967) en in dochter (1969) krige. Yn 1968 waard by him de sykte fan Parkinson fêststeld. Op 20 maart 1971 waard him de Priis fan de Nederlânske Letteren takend, mar ear't er dy oannimme koe, ferstoar er op 23 maart yn 'e âlderdom fan 72 jier yn it Akademysk Sikehûs yn Utert. Vestdijk wie auteur fan likernôch 166 publisearre wurken (losse artikels yn kranten en tydskriften net meirekkene). Fanwegen dizze tige grutte produksje neamde de dichter Adriaan Roland Holst him "de man dy't hurder skriuwt as dat God lêze kin".

Wurk Begjinregels thumb|right|150px|Boerd ta oantins op it bertehûs fan Vestdijk, te Harns. Vestdijk achtte "glanzende beginregels" fan grut belang. De lêzer yn 'e boekwinkel woed er dêrmei oerhelje om syn boeken te keapjen. Inkele foarbylden: "Berlijn, 10 April '34. Natuurlijk: wanneer het met dat beven zoo doorgaat, dan komt er niets terecht van mijn plan." (Else Böhler, Duitsch Dienstmeisje) "Het had niet eens een portiek, zo plat was het." (Terug tot Ina Damman) "De gedaante in de hoek, waarmee Visser zich vreemd verbonden voelde, verrees langzaam en strompelde naar het rechter raam, éen arm achteruit, alsof ze zich op de lucht steunen wilde." (Meneer Visser's Hellevaart) "Hij werd gespeend zoals alle andere kinderen, op de gewone tijd." (Sint Sebastiaan) "Wanneer ik in een café zit, en vlak ertegenover is net zo'n café, dan voel ik me altijd een beetje onwennig." (Juffrouw Lot) "Aan de voetbalvereniging, waarvan zij tot laat in de avond een bestuursvergadering hadden bijgewoond, waren Tjalko Schokking en Henk Veenstra wel enigszins ontgroeid." (De kellner en de Levenden) "Onze stad staat dwars op de zee." (De Held van Temesa) "Het vroor toen ik er voor het eerst van hoorde." (Ierse Nachten) "Het eerste wat ik mij van W... herinner, waar even na mijn vijfde verjaardag mijn vader tot rechter was benoemd, is de warme voorzomermiddag, toen de bal van mijn broer over de ijzeren krullen van het balconhek vloog, de verlaten huiskamer in." (De Koperen Tuin) "Van de onmiddellijke omgeving van mijn ouderhuis, een bomberend voorhoofd boven het brokkelig gebit van een winkeltje, herinner ik mij zo goed als niets meer, hoewel ik er van kindsbeen af gespeeld moet hebben." (De Bruine Vriend)

Fiksje Romans De foarste jiertallen yn 'e ûndersteande list hawwe betrekking op it jier, of de jierren, wêryn't it boek skreaun is; de twadde jiertallen jouwe it jier fan 'e earste publikaasje oan. AW = Anton Wachter-roman. De searje Anton Wachter-romans hat in sterk autobiografysk karakter.

1933 - 1972 - Kind tussen Vier Vrouwen 1934 - 1936 - Meneer Visser's Hellevaart 1934 - 1934 - Terug tot Ina Damman (AW 3) 1934/1935 - 1935 - Else Böhler, Duits Dienstmeisje 1936 - 1937 - Het Vijfde Zegel 1937 - 1938 - De Nadagen van Pilatus 1937 - 1939 - Sint Sebastiaan (AW 1) 1933/1937 - 1948 - Surrogaten voor Murk Tuinstra (AW 2) 1939 - 1941 - Aktaion onder de Sterren 1939 - 1940 - Rumeiland 1940 - 1940 - De Zwarte Ruiter 1933/1941 - 1949 - De Andere School (AW 4) 1942 - 1989 - De Aeolusharp (romanfragmint) 1942 - 1946 - Ierse Nachten 1944 - 1951 - Ivoren Wachters 1944 - 1947 - De Vuuraanbidders 1945 - 1948 - Pastorale 1943 1945 - 1947 - Puriteinen en Piraten 1946 - 1948 - De Redding van Fré Bolderhey 1947 - 1949 - Bevrijdingsfeest 1940/1948 - 1949 - De Kellner en de Levenden 1949 - 1950 - De Koperen Tuin 20px Fryske oersetting: De Koperen Tún (fert. Jan de Jong, 1994) 1950 - 1951 - De Vijf Roeiers 1950/1951 - 1951 - De Dokter en het Lichte Meisje 1951 - 1952 - De Verminkte Apollo 1952 - 1952 - Op Afbetaling 1952 - 1953 - De schandalen 1956 - 1956 - Het Glinsterend Pantser 1956 - 1957 - De Beker van de Min (AW 5) 1957 - 1957 - Open Boek 1957 - 1958 - De Vrije Vogel en Zijn Kooien (AW 6) 1957 - 1958 - De Arme Heinrich 1958 - 1959 - De Rimpels van Esther Ornstein (AW 7) 1958 - 1959 - De Ziener 1958 - 1960 - De Laatste Kans (AW 8) 1959 - 1961 - De Filosoof en de Sluipmoordenaar 1959 - 1960 - Een Moderne Antonius 1960 - 1962 - De Held van Temesa 1960 - 1961 - Een Alpenroman 1962/1963 - 1963 - Bericht uit het Hiernamaals 1963 - 1964 - Het Genadeschot 1963 - 1965 - Juffrouw Lot 1964 - 1965 - Zo de Oude Zongen... 1964 - 1966 - De Onmogelijke Moord 1965 - 1966 - Het Spook en de Schaduw 1965 - 1967 - Een Huisbewaarder 1966 - 1967 - De Leeuw en Zijn Huid 1966 - 1968 - De Filmheld en het Gidsmeisje 1967 - 1968 - De Hôtelier Doet Niet Meer Mee 1967 - 1968 - Het Schandaal der Blauwbaarden 1968 - 1969 - Vijf Vadem Diep 1968 - 1969 - Het Verboden Bacchanaal 1969 - 1970 - Het Proces van Meester Eckhardt 1969 - 1973 - De Persconferentie (romanfragment)

Koarte Ferhalen 1917 - 1983 - Gestileerde Waarnemingen 1917 - 1925 - 1982 - Zes Verhalen 1922 - 1981 - Het Dagboek van het Witte Bloedlichaampje 1922/1926 - 1981 - Negen Jeugdverhalen 1933/1934 - 1984 - Het Litteken 1933/1937 - 1982 - Blauwbaard en Reus 1935 - De Dood Betrapt, bundel 1935 - De Bruine Vriend, novelle 1938 - Narcissus op Vrijersvoeten 1939 - De Verdwenen Horlogemaker 1958 - Fantasia en Andere Verhalen 1974 - Verzamelde Verhalen

Poëzij 1932 - Verzen 1933 - Berijmd Palet 1934 - Vrouwendienst 1936 - Kind van Stad en Land 1938 - Fabels met Kleurkrijt 1940 - Klimmende Legenden 1940 - Water in Zicht 1941 - De Vliegende Hollander 1941 - Simplicia 1942 - Het Geroofde Lam 1942 - Ascensus ad Inferos (mei Aug. Henkels) 1943 - De Terugkomst 1944 - De Houtdiefstal 1944 - De Doode Zwanen 1944 - Allegretto Innocente 1944 - De Uiterste Seconde 1946 - Mnemosyne in de Bergen 1948 - Thanatos aan Banden 1949 - Gestelsche Liederen 1950 - Swordplay – Wordplay (mei Adriaan Roland Holst) 1955 - Een op de Zeven 1956 - Rembrandt en de Engelen 1957 - Merlijn 1971 - Verzamelde Gedichten (besoarge troch Martin Hartkamp) 1986 - Nagelaten Gedichten (besoarge troch Tom van Deel e.o.) 1997 - Rondgang door het Jaar 1999 - Didactische Kwatrijnen

Non-fiksje Essays 1937 - Kunstenaar en Oorlogspsychologie 1938 - Rilke als Barokkunstenaar 1939 - Lier en Lancet 1939 - Strijd en Vlucht op Papier 1940 - Albert Verwey en de Idee 1942 - Muiterij tegen het Etmaal (diel I) 1945 - Het Schuldprobleem bij Dostojewski 1945 - Brieven over Literatuur (mei Hendrik Marsman) 1946 - 1983 - Dichtkunst Als Magie 1946 - De Poolsche Ruiter 1947 - Het Eeuwige Telaat 1947 - Muiterij tegen het Eetmaal (diel II) 1947 - De Toekomst der Religie 1949 - Astrologie en Wetenschap 1950 - De Glanzende Kiemcel 1952 - Essays in Duodecimo 1956 - Zuiverende Kroniek 1956 - Keerpunten 1957 - Kunst en Droom 1957 - Marionettenspel met de Dood (mei Sem Dresden) 1960 - Voor en Na de Explosie 1961 - Gestalten tegenover Mij 1964 - De Zieke Mens in de Romanliteratuur 1965 - De Leugen Is Onze Moeder 1968 - Het Wezen van de Angst (skreaun as dissertaasje) 1968 - Gallische Facetten

Muzykessays 1951 - Het 'Programma' in de Muziek (mei Herman Passchier) 1956 - Het Eerste en het Laatste 1957 - Keurtroepen van Euterpe 1958 - Het Kastje van Oma 1960 - De Dubbele Weegschaal 1960 - Gustav Mahler 1960 - Muziek in Blik 1962 - De Symfonieën van Jean Sibelius