Kinsck fan Ropta, of Kinsck Ropta wie de frou fan Sjoerd Andla fan Weidum dy't yn 1541 tegearre it Tjallingafûns yn Nijtsjerk stiften. Hjoed-de-dei hjit it plak Westernijtsjerk by Marrum yn de gemeente Ferwerderadiel. Hjir stie in pleats of state dy't yn besit wie fan de Zthalinga’s, it “Zthalinga-goed”. Dêr komt de namme “Tjallinga” wei. Op dizze pleats waarden doe al weesbern opfongen en fersoarge.

Sjoch fierder Papingastate en Kinsck van Roptastrjitte by Weidum

Kategory:Frysk filantroop Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Mitselwier Kategory:Persoan stoarn yn Weidum Kategory:Westernijtsjerk Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 16e iuw