Sybrant Hanssen, folút Sybrandt Hansz. Cardinael, (Harns, 1578 - Amsterdam, 1647) wie in Fryske wiskundige, lânmjitter, rekkenmaster en skriuwer fan wiskundige (lear)boeken.

Libben Cardinael waard berne yn in minniste húshâlding as soan fan Hans Sybrandsz Cardinael en Ymcke Emesdr. Op 28 augustus 1607 troude er yn Amsterdam mei Levijntje Panten (Harns, 1586/87 - Amsterdam, 1664). Se krigen seis dochters, dêr't ien fan, Cathalyntie, yn 1651 troude mei de oersetter Jan Hendriksz Glazemaker. Cardinael waard ynternasjonaal bekend troch syn orizjinele Hondert geometrische questien met hare solutien. Dat boek waard troch Christiaan Huygens bestudearre op oanrieden fan syn learaar Jan Stampioen. Hy makke diel út fan de Eerste Nederduytsche Academie fan Samuel Coster en advisearre de Admiraliteit fan Amsterdam oer it plak op see (it lingteprobleem, sjoch lingtebepaling en lingtegraad).

Lânmjitter Cardinael helle in akte fan admisje as lânmjitter foar it Hof fan Fryslân.

Skoalle Fan 1605 ôf hie Cardinael in skoalle oan de Nieuwe Nieuwstraat yn Amsterdam, dy't hy oernaam fan syn skoanheit Panten. Hy joech de fakken aritmetika, mjitkunde, lânmjitkunde, wynroeien, stjerrekunde mar de klam lei op de navigaasjelear en it boekhâlden. Nei Cardinael joegen Abraham de Graaff en Claes Hendricksz. Gietermaker op itselde adres les.

Tsjinstanner Tsjin it heliosintrisme fan Copernicus fersette hy him yn in wiskundich boek. Hy wie ek tsjinstanner fan it brûken fan algebra, doe de Regel fan Coss neamd, yn de mjitkunde.

Wurken 1614 - Hondert geometrische questien met hare solutien (makket diel út fan: L.Sems et al., Pracktijck des landmetens, Amsterdam, W.J. Blaeu, 1614.) 1617 - Dútske oersetting troch Sebastian Curtius (Tractatus geometricus, darinen hundert schöne ausser-lesene liebliche Kunst quaestiones ... von ... : Sybrand Hanss ... beschrieben ... in Hochteutsch transferiert durch Sebastianum Curtium .., Amsterdam, 1617) 1650 - Ingelske oersetting troch Thomas Rudd 1635 - Mathematische| Ofte| Wisconstige bewijs-redenen, waer| mede bevvesen vvort, dat de Aerdcloot stil staet, en de sonne daghelijcx sijnen loop doet : teghens het ghevoelen van N. Copernicus door Sybrand Hansz Cardinael, Amstelredam by Corn. Gerritsz van Breugel, foar Sal. Savery, 1635. 1639, 1644 - Het eerste schoolboeck van Mr. Sybrand Hansz. Cardinaels Arithmetica (noch trije fierdere dielen folgen) 1644 - Arithmetica ofte reeckenkonst door Sybrant Hansz Cardinael, t'Amsterdam by Everh. Cloppenburgh 1647 - Het derde School-Boeck door Sybrand Hansz Cardinael, Amsterdam, J.J. Bouman, 1647. 1648 - Het tweede School-Boeck door Sibrand Hansz Cardinael, Amsterdam, J.J. Bouman, 1648. ? - Over het wijnroeien 1704 - Tafel om door behulp van dien seer lichtelijcke te bereekenen hoe veel dat eenighe partije van quarteelen traen, met de minder gedeelte (als de stee-kannen ende mingelen) in gelt bedraghen; so door additie, als multiplicatie door Sybrandt Hansz Cardinael, 't Amsterdam : by Pieter en Karel van Rychoren ..., 1704.

Reputaasje Vondel neamde Cardinael de Fryske Euklides fan Aleksandrje yn it ûndersteande gedicht:

Lyfwacht voor Meester Sybrant Hanssen

Kardinael, Den Vrieschen Euklides

De Vriesche Euklides hangt alleen Van cijferletters hecht aen een. Bewaert toch Sybrant met uw allen. Bewaart dien Rekenschat getrouw: Viel Kardinael van ’t plat, hy zou Aen cijferletters stukken vallen

Keppeling om utens Artikel Cardinael yn Biografysk wurdboek fan Nederlânske wiskundigen troch Matthijs Sitters Artikel Cardinael in de geschiedenis van de wiskunde troch Jan van Maanen Publikaasje op WorldCat

Kategory:Frysk wiskundige Kategory:Frysk lânmjitter Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk wiskundige Kategory:Nederlânsk lânmjitter Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1578 Kategory:Persoan stoarn yn 1647 Kategory:Hof fan Fryslân