thumb|Tsjalling Eeltjes Halbertsma Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (Grou, 28 jannewaris 1848 - Ternaard, 2 juny 1912), wie in Frysk skriuwer en ûnderwizer. Hy wie de pakesizzer fan Tsjalling Hiddes Halbertsma.

Tsjalling Eeltsjes waard yn 1848 te Grou berne as âldste soan fan Eeltje Halbertsma en Taetske Gerrits Dijkstra. As jonge ferhuze er mei syn âlden nei Nes (WD), wêr't syn mem ek weikaam.

Halbertsma waard yn 1869 ûnderwizer te Ternaard, yn 1910 gie er mei pensjoen. Foar Ternaard hie er oan skoallen yn Hollân stien. Op 3 desimber 1874 boaske er oan Baukje Gerlofs Jensma.Skoalmasters yn Fryslân/West-Dongeradiel

Hy skreau histoaryske folksferhalen en toanielstikken (Japik Bûterblom, nei Molière, (1905); It Boerke (1905)) en sangbondels; wie komponist fan ferskate bekende Fryske lieten (û. o. Widzesang fan it sémanswiif).

Teffens wie er meiwurker fan Pieter Jelles Troelstra by 'It jonge Fryslân', 'Nij Frysk Lieteboek', 'For Hûs en Hiem' (redakteur fan 1890-1895) en meiwurker oan it Friesch woordenboek (Lexicon Frisicum) Diel 1 (A-H)

Wurk 1900 - 1910 - Sinneblommen - T.E Halbertsma. 1902 - Nije Fryske Sangen, foarste samling - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma 1905 - Leed- en lofsangen - T.E. Halbertsma 1905 - Nije Fryske Sangen, oarde samling - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma 1906 - Nije Fryske Sangen, tredde samling - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma 1909 - Miedeblommen - T.E. Halbertsma 1909 - Krystsangen - T.E. Halbertsma 1912 - Ut it âlde leach - samle wurk (2 dielen, Leien)

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk komponist Kategory:Wurdboekskriuwer Kategory:Persoan berne yn Grou Kategory:Persoan stoarn yn Ternaard Kategory:Persoan berne yn 1848 Kategory:Persoan stoarn yn 1912