300px|thumb|Artikulaasjeplakken yn de mûle In konsonant of bylûd is in spraaklûd dat derby komt.

It Frysk hat de neikommende konsonanten; B, C (allinnich mei de H), D, F, G, H, J, K, L, M, N, P, R, S, T, V, W, Z.

De twa wichtichste ferskillen tusken konsonanten en fokalen: Fokalen kinne beklamme wurde en dêrtroch in wurdlid foarmje; konsonanten kinne dat net. By konsonanten wurdt de luchtstream troch de mûle op de iene of oare wize behindere en by fokalen net.

Yndieling Der binne trije yndielingskritearia.

1 Konsonanten wurde yndield neffens it artikulaasjeplak yn de mûle. bilabiaal / twalippich - p b m β labiodentaal / liptoskich - f v w dentaal / by de tosken - t d s z r l n palataal / by it hurde ferwulft - j felaar / by it sêfte ferwulft - g k ɣ j w ŋ de kielholte - h

2 De behindering fan de luchtstream en it lûdeffekt. Koarte folsleine ôfsluting, ploflûd (ploffer) - p t k b d g Unfolsleine ôfsluting, rûslûd (rûzer) - f s x v z ɣ j w β Lucht troch de noas, noaslûd (nasaal) - m n ŋ Underbrutsen ôfsluting (floeilûd) - l r Hielendal gjin behindering (heallûd) - h

3 Stimhawwend of stimleas. Stimhawwend - b d g v z ɣ Stimleas - p t k f s x Ynherint stimleas - h Ynherint stimhawwend - m n ŋ r l j w β

De konsonanten wurde neffens punt 2 yn fiif groepen yndield: de ploffers, rûzers, nasalen, floeilûden en heallûden.

Kategory:Fonology