thumb|Sieuwert Bruins Slot (1968) thumb|Sieuwert Bruins Slot (1960) Jan Albertus Hendrik Johan Sieuwert Bruins Slot (Drachten, 8 jannewaris 1906 - Haarlim, 4 april 1972) wie in Anti-Revolúsjonêr politikus, parlemintslid, yn Nederlânske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch en haadredakteur fan it deiblêd Trouw.

Jeugd en oplieding De grifformearde Bruins Slot, soan fan Albertus Bruins Slot dy't boargemaster fan Skiermûntseach en fan Smellingerlân wie, en Antje Hoogeboom, gie yn 1918 nei it kristlik Marnix Gymnasium yn Rotterdam dêr't er yn 1924 eineksamen die en studearre dêrnei fan 1924 oant 1928 rjochten oan de Frije Universiteit fan Amsterdam wêr't er op 13 maart 1931 promovearre ta doktor yn de rjochtsgeleardheid op in proefskrift oer Groen van Prinsterer.

Wurk en fersetswurk Fan 1928 oant 1933 wie Bruins Slot abbekaat en prokureur yn Amsterdam. Yn 1933 waard er beneamd ta boargemaster fan Adorp yn Grinslân. Hy besocht nei de besetting sa lang mooglik oan te bliuwen om sa de ynfloed fan de Dútsers te beheinen, mar yn 1942 slagge dat net mear, sadat er op 24 febrewaris 1942 op fersyk earfol ûntslein waard. Dêrnei festige er him as abbekaat yn Sauwerd yn Grinslân en begûn yn jannewaris 1943 mei syn redaksjewurk oan it dan yllegale blêd Trouw, ûnder de skûlnamme "Zwart". Hy wie ien fan de steunpylders binnen de organisaasje fan it yllegale deiblêd. Ek joech er lieding oan de destiids yllegale ARP fan 1943 oant1945.

Nei de oarloch Nei de befrijing waard er haadredakteur fan it deiblêd Trouw, wat hy oant 1971 bliuwe soe. Yn dat jier waard er ek oansocht foar de posysje fan Minister fan Bûtenlânske Saken, wat er wegere. Op 4 juny 1946 waard er wol lid fan de Twadde Keamer foar de ARP, dêr't er op 3 oktober 1956 de fraksjefoarsitter fan waard. Teffens wie er fan 10 septimber 1952 oant 22 febrewaris 1955 lid fan de Mienskiplike Gearkomst fan de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (de foarrinner fan de Europeeske Uny). Yn it parlemint wie er bûten fraksjefoarsitter en wurdfierder bûtenlân nammens de ARP en in grut foarstanner fan Europeeske gearwurking. Hy hold him ek dwaande mei definsje, binnenlânske saken, ûnderwiis en omropsaken. Hy wie in haadrolspiler yn de "boukrisis" oer de wenningbouproduksje yn 1960 en kaam dêrby mei syn fraksje rjocht foaroer de eigen bewâldslju Van Aartsen en Zijlstra te stean. Op 4 april 1962 ferklearre er yn in politike draai fan de ARP yn de Twadde Keamer dat by de saak Nij-Guinea neist behertiging fan de belangen fan de Papoea's oerienstimming mei Yndoneezje doelstelling wêze moast. Hjirmei waard ôfwykt fan de eardere line dy't útgie fan it selsbeskikkingsrjocht fan de Papoea's. Troch dizze twa kwestjes ynein en út de graasje rekke fan syn partij joech er op 16 maaie 1963 syn fraksjefoarsitterskip oer en in skoftke letter, op 5 juny 1963 luts er him werom út de polityk en kaam wer alle dagen op syn kantoar by Trouw, dêr't er haadredakteur fan bleaun wie yn syn politike karriêre. Hy ferliet Trouw yn 1971 en stoar yn 1972.

Fierdere personalia Bruins Slot waard op 29 april 1957 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Hy troude op 29 juny 1933 mei Cornelie Catherine Hermance Rutgers dêr't er twa soannen mei krige. Rutgers ferstoar op 20 novimber 1947. Op 25 maart 1953 troude er mei Wilhelmina Chardon mei wa't er ien soan krige. Bruins Slot is de skoansoan fan âld-minister V.H. Rutgers en de skoanheit fan it CDA âld-Twadde Keamerlid Jan Nico Scholten dy't troude mei dochter Anneke Bruins Slot (juriste en teologe).

Publikaasjes Groen van Prinsterer en het herstel der hiërarchie in de Rooms-Katholieke Kerk in Nederland (dissertaasje 1931) Bezinning en uitzicht. De motieven der huidige wereldontwikkeling en onze roeping daarin (1950) En ik was gelukkig, herinneringen (1972)

Keppeling om utens Parlement.com - biografy Sinjalen út de famylje Glimmerveen - biografy

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1972