Wim Stroetinga (Drachten, 23 maaie 1985) is in earder Frysk hurdfytser. Hy is de jongere broer fan maratonrider Arjen Stroetinga.

Hy liet foar it earst fan him hearre yn 2002, doe't hy wrâldkampioen scratch by de junioaren waard. Twa jier letter waard hy op dit ûnderdiel Nederlânsk kampioen yn de eliteklasse. De folgjende twa jierren wist hy dizze titel te prolongearjen. Yn 2006 waard hy yn Athene Jeropeesk kampioen by de beloften.

Sûnt 2007 makket hy diel út fan it Ubbink - Syntec Cycling Team. Op de Wrâldkampioenskippen baanfytsen 2007 helle hy syn earste grutte ynternasjonale priis by de senioaren: hy wûn op de scratch it sulver efter Kam-Po Wong út Hongkong. Dy syn ferrassende ûntsnapping wie krekt net yn te heljen, mar Stroetinga fersloech mei syn einsprint de rest fan it fjild. Tidens it Wrâldkampioenskip yn Melbourne, Austraalje wist Stroetinga him te kwalifisjearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen.

Yn septimber 2020 makke Stroetinga bekend te stopjen mei hurdfytsen as professional.Omrop Fryslân, 28-9-2020, Baanhurdfytser Wim Stroetinga seit syn 'baan' op

Oerwinningen 2006 Etappe yn Olympia's Tour

2006 Europeesk Kampioen Endurance Omnium

Ploegen 2005 - Team Löwik Meubelen - Van Losser Ynstallaasjes 2006 - Fondas P3Transfer Team 2007-2008 - Ubbink - Syntec Cycling Team 2008 - ? 2009-2010 - Team Milram 2011-2014 - KOGA Cycling Team 2015-2016 - Parkhotel Valkenburg 2018-2020 - Vlasman Cycling Team

Kategory:Frysk hurdfytser Kategory:Frysk baanhurdfytser Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1985