De Sjoerd Leikerpriis wie yn 1992 ynsteld troch Kommerijn Gerrittine Leiker-Kooijmans (Den Haach, 31 jannewaris 1915 - Bilthoven, 24 juny 2008), de widdo fan de skriuwer Sjoerd Leiker.
De priis, in jildbedrach, waard ien kear yn de trije jier útrikt oan auteurs fan fyftich jier of âlder. Op 3 septimber 2004 waard de lêste priis útrikt en hefte de stichting dy't de priis takende himsels op meidat der net genôch belangstelling út de literêre wrâld foar wie.Kroniek van Hoorn, 2004
Lauwerden 1992 - F.B. Hotz 1995 - Hanny Michaelis 1998 - Guillaume van der Graft 2001 - Willem G. van Maanen 2004 - Koos van Zomeren
Kategory:Nederlânske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1992 Kategory:Priis of ûnderskieding opheft yn 2004