Omrop RSH earder Radio Stêd Harns wie de lokale omrop fan de gemeente Harns. Under it útstjoergebiet fan de omrop foelen Harns en de doarpen Mullum en Winaam. Har earste útstjoering wie op 1 desimber 1989. De programmalieding waardt foarme troch Albertus van der Plaats en Henk Jan Cornelisse. Haad technyk wiene Anthon Koning en Martin Koning. Der waardt benammen útstjoerd op freed, sneon en snein. Omrop Fryslân fersoarge de útstjoerings fan Radio Stêd Harns op de oeren dat der net troch de omrop sels útstjoerd waardt. Omrom RSH gie yn 2023 op yn 'e nije regionale stjoerder Omrop Zilt.

RSH RSH Kategory:Harns (gemeente) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1989 Kategory:Organisaasje opheft yn 2023 Kategory:Eardere organisaasje yn Harns