thumb|Fredestimpeltsje yn Rysterbosk De Rysterbosk is in bosk yn Gaasterlân. De troch It Fryske Gea behearde leafbosk is 172 hektare grut, leit oan de Iselmar en besúdwesten it doarp Riis. De bosk is yn de 17e iuw oanlein as parkeftige tún om Huzinge Riis, yn de folksmûle ek wol 'slot' neamd. Huzinge Riis bestiet noch altyd. Yn de bosk is in stiennen oerbliuwsel fûn fan de trachterbekerkultuer, de makkers fan de hunebêden, wêrfan letter sjen litten is dat it hjir om in stienkist gie.
Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden yn it neijier fan 1944 troch de Dútsers mear as 70 V2-raketten út de Rysterbosk wei lansearre, rjochting Ingelân en de Belgyske stêd Antwerpen. Inkele fan dy lansearrings mislearren wêrtroch de bosk en ûnder oare it fredestimpeltsje ferwoaste waard. Letter is dat timpeltsje trouwens wer yn de âlde steat werombrocht.
Keppeling om utens Foto's fan de Rysterbosk
Kategory:Natoergebiet yn Fryslân Kategory:Riis Kategory:Bosk yn Fryslân Kategory:Geografy fan Gaasterlân (gemeente) Kategory:Geografy fan Gaasterlân-Sleat Kategory:Geografy fan De Fryske Marren