Basketbalferiening Belial wie fan 1973 oant 2013 in basketbalklup út Surhústerfean. De klup waard oprjochte troch Freerk Windstra, dy't ek foarsitter/sekretaris wie. Yn it seizoen 2005/2006 wienen der trije teams: Hearen 1, Jonges kadetten en Jonges aspiranten.

Hearen 1 It team Hearen 1 waard yn it seizoen 2005/2006 kampioen yn de klasse H3A. Sy hellen 34 punten út 18 wedstriden, der waard dus mar ien wedstryd ferlern. It team hat har lêste wedstriid op 22 maart 2013 spile.

Kadetten De measte spilers fan de kadetten yn it seizoen 2005/2006 spilen al inkele jierren mei elkoar. Yn oare leeftydsgroepen wienen se al frijwat súksesfol mei in oantal 1e en 2e plakken.

Kategory:Surhústerfean Kategory:Fryske basketbalklup Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1973 Kategory:Organisaasje opheft yn 2013