Eelco Schaafsma, neffens berte-akte Eelko Schaafsma (Dokkum, 29 juny 1858 - Burgum, 24 maart 1914), wie in Frysk politikus.

Schaafsma wie fan berop abbekaat en rjochtbankgriffier, dy't sân jier as ôffurdige fan it distrikt Dokkum yn de Twadde Keamer siet. Hy wie de soan fan in boekhanneler. Foarútstribjend liberaal, dy't foarstander wie fan kiesrjochtútwreiding. Hy spile gjin grutte rol as Keamerlid.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Frysk liberaal Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan stoarn yn Burgum Kategory:Persoan berne yn 1858 Kategory:Persoan stoarn yn 1914