Epo fan Douma (Huzum, 24 juny 1542 - Nijlân, 24 juny 1602) wie in Frysk ealman. Berne op Sint Jansdei op de Abbingastate yn Huzum en ferstoarn op Sint Jan op Hottingastate yn Nijlân. Ienich bern fan Goffe fan Douma en Wick Abbingha, besibbe oan in soad Fryske eallju en in foarfjochter foar de Fryske Frijheid. Hy wie herfoarmingsgesind en in freon fan Gellius Snekanus. Hy wie tsjin de Greve fan Rennenberg en foar de Uny fan Utert.
Kategory:Frysk politikus Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Huzum Kategory:Persoan stoarn yn Nijlân Kategory:Persoan berne yn 1542 Kategory:Persoan stoarn yn 1602