De Tsjerke oan de Fok is in tsjerkegebou (Fok 48) op It Hearrenfean.

De neoklassisistyske tsjerke waard yn 1867 boud foar de Herfoarme gemeente yn 'e eardere gemeente Aenjewier. De toer waard om 1910 hinne boud en yn 'e jierren 1950 waard oan 'e sealtsjerke in portaal boud. Yn 'e tsjerke binne yn 'e jierren 1920 seis brânskildere ramen set fan it Delftske glêsatelier fan Jan Schouten, dy't de deugden as motyf ha.

De tsjerke heart noch ta de Protestantske Wykgemeente It Hearrenfean, mar is mei de bou fan it nije tsjerklike sintrum Trinitas oerstallich woarn. Yn 2012 waard de tsjerke sletten en te keap set en yn 2018 ferkocht. Yn 2020 binne der yn it gebou sân hierapparteminten realisearre.

Oargel thumb|left|200px|Oargel Yn de tsjerke stiet in oargel fan L. van Dam út Ljouwert. It út 1872 datearjende ynstrumint waard yn 1961 restaurearre troch Bakker & Timmenga. It oargel waard te keap set.

Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân

Keppeling om utens Protestantske Gemeente It Hearrenfean

Kategory:Tsjerkegebou op It Hearrenfean Kategory:Tsjerkegebou yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân Kategory:Bouwurk út 1867 Kategory:Bouwurk út 1910