De Vrije Fries is in wittenskiplik jierboek dat troch it Frysk Genoatskip yn gearwurking mei de Fryske Akademy útjûn wurdt. It blêd bestiet al sûnt 1839 en is ien fan de âldste wittenskiplike tydskriften fan Nederlân. Oant 1968 kaam De Vrije Fries ûnregelmjittich út, mar sûnt dat jier wurdt it elk jier útjûn. Yn 2010 kaam de 90e edysje fan De Vrije Fries út.

It jierboek is in boek mei wittenskiplike artikels en artikels oer de Fryske skiednis, keunst, literatuer en argeology. Ek krityske lûden oer de hjoeddeiske Fryske kultuer krije romte yn De Vrije Fries.

Keppelings om utens De Vrije Fries op de webstee fan it Frysk Genoatskip. Op de webstee fan it Frysk Genoatskip kinne alle jiergongen lêzen wurde, útsein de lêste trije jiergongen.

Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Kultuer yn Fryslân Kategory:Nederlânsktalich tydskrift Kategory:Frysk wittenskiplik tydskrift Kategory:Frysk Genoatskip Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1839