thumb|250px|De grêven fan Simke Kloosterman, har heit (r) en pake en beppe yn Twizel Simke Kloosterman (Twizel, 25 novimber 1876 - Ljouwert 5 desimber 1938) wie in Frysk skriuwster en dichter.

Biografy Simke Kloosterman wie iennich bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Nei de Hofskoalle yn Ljouwert gie se nei in partikuliere skoalle yn Grins en in kostskoalle yn Wyk by Duerstede

Simke debutearre yn it Nederlânsk yn De Hollandsche Lelie, mar skreau neidat der yn 1898 wurk fan har opnommen wie yn Sljucht en Rjucht allinnich noch yn it Frysk. Yn earsten ek ûnder in skûlnamme, 'In Frysk famke'. Lyryske en aristokratyske ynstelling.

It hûs dêr't se altyd wenne, is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Dêr is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk. Mei de Simke Kloosterman Rintocht yn Twizel wurdt ek omtinken jûn oan de skriuwster.

Yn Twizel wurdt om de trije jier de Simke Kloostermanpriis útrikt foar it bêste berne- en jeugdboek.

Yn 2023 ferskynde fan Philippus H. Breuker in wiidweidige biografy fan Simke Kloosterman mei de titel De keunst as útwei.

Douwe Kalma hie al earder (in ûnfoltôge) biografy skrean. De biografy fan Breuker pleatst de skriuwster yn it ramt fan har famyljeskiednis en hy ûntrafelt wêrom't se keas foar in bestean als skriuwster in het Frysk.

Wurk Romans De Hoara's fen Hastings (1921) It Jubeljier : 1793-1813 (1927) Hengist en Horsa (novelle) (1933) Sjoch ek: Hengist en Horsa en Keninkryk Kent Ut de gielgoerde (novellen) (1936) Ut de gielgoerde (novellen en oar proaza) (1944) Ut de gielgoerde (karlêzing) (1963)

Dichtwurk Ruth: In hân fol ieren (fersen en ferhalen) (1910) De wylde fûgel (1932) Lisck fen Eijsinga (ballade) (1941) Myn lân (karlêzing) (1982)

Ferskaat Twiljochtteltsjes (mearkes) (1928) Lyts Teltsjeboek for Fryske bern (1932-1933) Great Teltsjeboek for Fryske bern (mei T. Hellinga-Zwart) (1932) Beppe yn ’e fleur (1936) De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit (1938), Itensierdersboek. Simke Kloosterman Spreuken (1962) De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma (1976)

Keppelingen om utens

Janneke Spoelstra: Simke Kloosterman, in problematyske heldinne? Har skriuwen, proaza en de resepsje fan har proaza besjoen út gender- en queerteoretysk perspektyf (Grins 2012). simkekloosterman.frl Jelle van der Meulen: "Kloosterman, Simke" Ruth: In hânfol ieren - by Projekt Gutenberg De Hoara's fen Hastings - by Projekt Gutenberg It Jubeljier: (1793-1813) - by Projekt Gutenberg Twiljocht-teltsjes - by Projekt Gutenberg

Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk mearkeskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk itensiedersboekeskriuwer Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Twizel Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1876 Kategory:Persoan stoarn yn 1938