Rommy (echte namme: Romke Henstra) (Twizelerheide, 8 jannewaris 1950 - Ljouwert, 22 april 2007) wie in Fryske folkssjonger. Hy hy as bynamme de stim fan de Wâlden.
Libben Rommy song al as lytse jonge. Syn earste single kaam yn 1985 út. It wie in nûmer fan Freddy Fender, wêrfan't er de tekst yn it Nederlânsk oersetten hie. Yn 1986 tekene hy by it platelabel De Stille Genieter út De Harkema en mei harren gearwurking binne mear as 10 cd's ferskynd.
Henstra wie net echt in ûnbekende yn it artiestesirkwy, hy trede mei in soad nocht yn it lân op. Oer publisiteit hie Rommy neat te kleien. Syn súkses late ûnder oare ta optredens by Veronica, de VARA (Jack Spijkerman), de NCRV en by Call TV.
Yn it begjin fan syn karriêre song Rommy yn kafees en oare gelegenheden wêr't mar plak wie foar inkele tsientallen minsken. Uteinlik waard it grutte poadium it plak dêr't Rommy geregeld optrede en syn publyk fermakke.
Rommy ferklearre syn súkses sa: "Ik besykje wol in boadskip yn myn teksten oer te bringen sûnder belearend wêze te wollen. Gjin yngewikkelde teksten, mar gewoan rjocht oan sjonge oer itjinge dêr't ik sels efter stean en dêr't ik fan wit dat it de minsken oansprekt".
Syn fans wenje oer it generaal yn it noarden fan Nederlân, mar ek yn oare dielen fan it lân. Hy ferstoar op 57-jierrige leeftyd oan sloktermkanker.
Diskografy Albums Verloren liefde Blauwe lucht en zonneschijn De levensklok Mijn vriend Als je zorgen hebt De gouden ring Rode rozen Tango der liefde Deze keer Avondrood Kus me voor de laatste keer Drie peseta`s Ave Maria Zijn Allermooiste Levensliedjes
Cd-singles Zwarte Madona Twee sterren Slaap m'n prinsje, slaap zacht Niemand dwingt mij En steeds weer huil je Deze keer Cambuur Leeuwarden My special prayer/Ave Maria As de ljip yn 't lân is
Singles Achter de Horizon Twee sterren Dromen kan niemand verbieden Mooie moeders, mooie dochters (as Rommy & Tjeerd) En steeds weer huil je De gouden ring Deze keer Slaap m’n prinsesje, slaap zacht Zwarte Madonna Niemand dwingt mij Waar ik voor ga (Cambuur) Ave Maria Sandy Mienekes de orgelman
DVD's Rommy & De Stille Genieter (2004) De Stille Genieter Draait Rommy (2020)
Keppeling om utens Rommy-Online
Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger fan it libbensliet Kategory:Persoan berne yn Twizelerheide Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1950 Kategory:Persoan stoarn yn 2007