thumb|De trije toeristen op De Jouwer (1982) thumb|Boartsjende bern (Jistrum) (1985) Annet Haring (Hoarn, 1934) is in Nederlânsk keunstner.Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje

Haring hat har oplieding hân oan de keunstakademy yn Amsterdam (Rietveldakademy) net ôfmakke omdat abstrakt wurk har net befoel. Letter folge se noch in oplieding oan de ABK Arnhim en Giacomo Manzu yn Milaan. Se wurke seis jier oan it Ynstiytút foar Byldzjende ekspresje yn Amersfoart. Yn de perioade 1978 - 1996 hat se yn Fryslân wenne en wurke, it lêst yn Oerterp. Nei alve jier reizge te hawwen is se sûnt 2008 wer werom yn Nederlân.

Se makke ûnder oare de brûnzen trofee dy't sûnt 1990 jierliks op it Festival FrouljufilmsFestival Vrouwenfilms útrikt wurdt oan in frou dy't har fertsjinstlik makke hat op it mêd fan frou en film. Yn 1995 waard in gruttere útfieringôfbyld op Drinte keunstbreed yn byld hjirfan troch de organisaasje fan it festival oan de gemeente Assen oanbean.

Haring is mem fan byldzjend keunstner Marco Goldenbeld.

Wurken yn de iepenbiere romte lokaasjetitel/omskriuwingmateriaal jier Assen, De Vaart Filmdoek brûns 1995Balk Boartsjende bern brûns1983Bûtenpost Boartsjende bern brûns1984Bueren Ritskemooi brûns 1980Droegeham Droegehamsterko mei Boer en keapman brûns1982Jistrum Bern yn hoepel brûns1985Folsgeare, Tsjaerddyk De Muontsen brons 1995Harns Frou mei dowen by plysjeburo brûns1986De Jouwer De Koperjitter brûns 1979De Jouwer Bern oan fiver brûns1980De Jouwer, MidstrjitteDe Trije Toeristen brûns 1982It orizjinele byld is stellen. Yn 2008 makke Haring in nij byld.Ljouwert, Harnzertrekwei Groepen minsken dy't de sikefûnsklanten útbyldzje brûns 1984Nijeberkeap It harjen fan de seine stiel komposysje 1996Oentsjerk Tryntsje-muoi brûns 1986Skearnegoutum, Legedyk De nonnen fan it Nijkleaster brûns yn betonsokkel 1996Waskemar De Trilker brûns 1980

Sjoch ek Bylden yn Eaststellingwerf

Referinsjes

Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1934