It Puzelmuseum is in museum op De Jouwer. It museum is op ôfspraak iepen en is geskikt foar berne-, famylje-, buert- en personielsfeesten en skoallen. Yn it museum binne in soad logyske puzels, breinbrekkers en riedsels te sjen, mar gjin lispuzels. Geen puzzel is veilig voor Auke Reijenga, Friesland Post, febrewaris 2009
Kolleksje De kolleksje bestiet út mear as 50.000 puzels, de âldste komt út 1900. Jouster opent museum met zo’n 50.000 puzzels, Friesch Dagblad, 26 maart 2008 Fan de grutte samling is mar in seleksje te sjen, in grut part is opslein. Puzzzelmuseum, Hart van Nederland, 31 maart 2008 De fitrines toane in ferskaat oan âlde puzels, nostalgyske doaskes en reklamepuzels fan bedriuwen.
Ien fan de eksposysjes giet oer gesichtsbedroch. Oan de muorren hingje foarbylden fan optysk bedroch, yllúzjes en taalgrappen. Yn de kolleksje sitte puzelsoarten lykas tangram, skopuzels, konstruksjepuzels, metalen puzzels, kubussen fan Rubik, mar ek spultsjes lykas geduldspultsjes, solitêr, bûter tsiis en aaien en mooljen.
Ta de kolleksje hearre 18.000 skopuzels, wêrûnder in grut tal oer Escher.
Underdiel fan de grutte kolleksje puzelboeken is de folsleine searje ‘Winterboeken’ fan tusken 1939 en 1975 ferskynden by tydskrift ‘Margriet’. Oare objekten binne puzelboeken, sykplaatsjes, optyske yllúzjes, rebussen en sprekwurden.
Auke Reijenga It museum op yndustryterrein De Ekers is opset troch Auke Reijenga (1960) fan De Jouwer. Syn earste skopuzeltsje krige er doe’t er seis jier wie. De samling wreide him yn de jierren tachtich hurd út troch de raazje om de Rubiks kubus. Ien fan de museumobjekten is in âlde tipeltange fan syn beppe. Al vijf jaar puzzelen in Puzzelmuseum Joure, Jouster Zomerkrant 2013 Yn 2008 waard it twa ferdjippings tellende bedriuwsgebou op yndustryterrein De Brekken op De Jouwer iepene troch deputearre Jannewietske de Vries. Puzzelen naar hartelust in Puzzelmuseum, Jouster Courant, 23 april 2008Besikers kinne op de ûnderste ferdjipping puzelje en Reijenga soarget as clown en gûchelder foar entertainment. Underwerpen binne dingen dy’t op it earste each ûnoplosber lykje. Reijenga sei yn 2013 syn wurk as ûnderwizer op en lei him ta op it Puzelmuseum en syn optredens. Van hobby tot waar puzzelparadijs, Friesch Dagblad, 29 july 2016
Sjoch ek List fan musea yn Fryslân
Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:Organisaasje op De Jouwer Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2008