Eastenryk-Hongarije wie it twadgrutste lân fan Jeropa om 1900 hinne en hat gâns ynfloed hân op polityk-ekonomysk mêd yn Jeropa.

Skiednis De skiednis fan Eastenryk-Hongarije giet werom nei de 16e iuw, mar Eastenryk bleau oant 1806 de machtichste steat fan it Hillige Roomske Ryk, Hongarije foel dêr bûten, Bohemen net. Nei de Frânske Revolúsje rjochte de Eastenrykske polityk him mear op Hongarije, mar de Hongaren hienen net deselde rjochten. Nei it ferlies fan Eastenryk tsjin Prusen yn 1866 wie it Eastenrykske regear net langer by steat om de Hongaren te negearjen. Yn it Eastenryksk-Hongaarsk Kompromis (de Ausgleich) fan 1867 krige Hongarije deselde status as Eastenryk, dat late ta in dûbelmonargy. Njonken de Eastenrikers en Hongaren wienen der oare etnyske groepen dy't meiïnoar de mearderheid fan de befolking foarmen; hja hienen lykwols gjin rjochten en sa boaze de rebûlje oan. De Eastenrykske Frans Jozef I wie foar desintralisaasje en selsbestjoer foar Slavyske folken. Ek omdat dêrtroch de ynfloed fan de Hongaren beheind wurde soe. Lykwols kearden de Eastenrykske en Hongaarske elite de desintralisaasje plannen op. Troanopfolger Frans Ferdinand stipe de Slavyske folken mei desintralisaasje plannen, lykwols waard er fermoarde yn 1914 yn Sarajevo. Dy moard wie de oantrún foar strideraasjes tusken ferskillende etnyske groepen, en by eintsjebeslút late dat ta de Earste Wrâldkriich. Eastenryk-Hongarije fertocht Servje fan de moard op de troanopfolger en krige dêrby stipe fan it Dútske Keizerryk. Servje krige stipe fan Ruslân. Eastenryk-Hongarije ferlear de Earste-Wrâldkriich en yn 1918 hold de Eastenryksk-Hongaarske dûbelmonargy op te bestean.

Dieling 1918 De neikommende lannen wienen oant 1918 part fan Eastenryk-Hongarije: Eastenryk Hongarije Joegoslaavje Tsjechoslowakije

Gebieten fan Eastenryk-Hongarije dy't anneksearre waarden troch oare lannen: Transsylvaanje kaam by Roemeenje Galysje nei Poalen Itaalje krige Súd-Tirol, West-Sloveenje, Ystrje en parten fan Dalmaasje

Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Skiednis fan Eastenryk Kategory:Skiednis fan Hongarije Kategory:Skiednis fan Tsjechje Kategory:Skiednis fan Slowakije Kategory:Skiednis fan de Oekraïne Kategory:Skiednis fan Poalen Kategory:Skiednis fan Kroaasje Kategory:Skiednis fan Sloveenje Kategory:Skiednis fan Roemeenje Kategory:Skiednis fan Bosnje-Hertsegovina Kategory:Skiednis fan Servje Kategory:Skiednis fan Jeropa Kategory:Keizerryk Kategory:Keninkryk Kategory:Balkan Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1867 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1918