By de Wettersneed fan 1825 waarden de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte. Oerisel, Hollân en de Noardseekust fan Dútslân (Große Halligflut), tusken 3 en 5 febrewaris 1825 troffen troch slimme dyktrochbrekken en oerstreamings. Mear as 800 minsken binne ferdronken.
Yn Fryslân wiene ferskate dyktrochbeaken yn Lemsterlân en by Skoattersyl, wêrnei't hast de hiele súdlike helte fan de provinsje en de feangebieten ûnderstrûpte. Kaart van de provincie Vriesland, met aanwijzing der doorbraken en overstroomde gedeeltes door den watervloed van den 4den en 5den februarie 1825
Op 17 febrewaris 1825 waard in Commissie tot besteding van 's rijksonderstand voor den watersnood ynsteld troch it regear. Ynkommen stikken en minuten fan útgeande stikken wurde yn it Nasjonaal Argyf yn Den Haach bewarre.
Ta neitins oan dizze wettersneed waard letter in "Gedenkboek van Neerlands watersnood in februari 1825" útjûn.
Sjoch ek Grinzer sykte
Kategory:Wettersneed yn Fryslân Kategory:Wettersneed yn Nederlân Kategory:Wettersneed yn Dútslân Kategory:Skiednis fan Drinte Kategory:Skiednis fan Grinslân Kategory:Barren yn 1825