thumb|'De wjirmdolster' yn Wierum thumb|Stânbyld fan Johan Cruijff (2020) Hans Jouta (Ferwert, 10 desimber 1966) is in Frysk byldhouwer.

Jouta groeide op oan de Waadkust dy't er as ynspiraasjeboarne foar syn wurken brûkt. Hy folge in oplieding oan Akademy Minerva yn Grins.

Hy besiket syn bylden emoasje mei te jaan. Dy bylden wurde neffens de metoade cire perdu getten fan brûns. Hy makke bylden fan Nynke fan Hichtum yn Nes en fan Hotze Schuil. Syn bylden binne meast fan metaal, meast brûns. Hy makket benammen bylden fan bisten.

Yn Dearsum stiet it byld De Aaisiker. Yn 2006 kaam Jouta yn it nijs doe't er rjochten jilde liet op it byld fan André Hazes op de Albert Cuypmerk yn Amsterdam. Hy makke ek de TMF-Awards.

Wurken in de iepenbiere romte (Fryslân) Aldebiltsyl Stânbyld fan Gerrit Keizer (2018)

Blije Sint-Nicolaas (2006)

Burdaard Maarten van der Weijden (2019)

Ferwert De Wardiaan (1995) Monumint fan de tiid (2000) Frouljusfiguer Harns Hotze Schuil (2006)

Ljouwert Monumint Wigle fan Aytta (2018)

Mitselwier Monumint Balthasar BekkerModdergat Fiskersfrou (2008)Nes Nynke van Hichtum (1997)Wierum Wjirmdolster (2006)De Westereen''' Monumint foar Marianne Vaatstra (2004)

Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Persoan berne yn Ferwert Kategory:Persoan berne yn 1966 Kategory:Akademy Minerva