Anders Minnes Rozendal (Easternijtsjerk, 27 augustus 1946) is in Fryske skriuwer.
Anders is in pakesizzer fan dichter, romanskriuwer en mei-oprjochter fan de KFFB Anders Minnes Wybenga, hikke yn Easternijtsjerk en tein yn Nes. Ear't er syn wurk by Philips yn Drachten begûn, hat er in soad banen hân, lykas fytsmakker en fabryksarbeider en hy hat op in coaster fearn. Sûnt febrewaris 2006 leit er him alhiel ta op skriuwen. Rozendal wennet mei syn frou Corry Boelens, skriuwster fan de by de KFFB útkommen roman Paadsikers, yn Ljussens.
Wurk Romans De muorre (2001) Grinzen foarby (2002) De baas traktearret (2003) Alles yn 'e macht (2004) Moard oan 'e Monsmawei (2005) Dy jonge fan Beintema (2006) It paad fan de foks (2007) Under de sinne fan de Ivige (2008) It kaartehûs (2009) De Sjamaan fan Ealawier (2010) Werom nei Stienwert (2011) De smaak fan alsem (2013) It Sunhouse-mystearje (2014) Opgong nei Sint Vitus (2015) Rachel, de dochter fan Timna (2016) Stosân (2017) Dwaaltún (2019) Feest yn Gennaard (2022) De bittere fraach (2024) Mikal - De earste frou fan kening David (2026)
Ferhalebondel Hupsakee en oare ferhalen (2009) Foar dy (20 koarte bibelferhalen)
Toaniel Elk foar himsels : ienakter (2001), foar de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (St.U.F.T.)
Ferskaat Ferhaal 'Wetterloo' yn boekewikegeskink Feestlift (2009)
Keppelingen om utens Anders Rozendal oer Dokkum A. Rozendal by Sirkwy.
Kategory:Frysk fytsmakker Kategory:Frysk seeman Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk skriuwer fan histoaryske fiksje Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Easternijtsjerk Kategory:Nes (Noardeast-Fryslân) Kategory:Persoan berne yn 1946