Qbuzz is in iepenbier ferfierder dy't sûnt 14 desimber 2008 aktyf is yn it steds- en streekferfier. Anno 2025 rydt Qbuzz yn de provinsjes Grinslân en Drinte, de Regio Utert, DMG (Doardt en Gorkum), Súd-Hollân Noard en Fryslân.

Skiednis

Qbuzz waard yn april 2008 oprjochte troch Rob van Holten en Leon Struijk, dy't dat jier earder noch ûntslach namen út de ried fan bestjoer fan Connexxion. De Nederlânske Spoarwegen (NS) namen in belang fan 49% yn Qbuzz. Dit waard troch oare busbedriuwen sjoen as ûnearlike konkurrinsje, omdat de Nederlânske Steat alle oandielen fan NS yn besit hat, wat betsjutte dat it bedriuw yndirekt steatsstipe ûntfange koe. Yn ferskate rjochtsaken die de rjochter útspraken yn it foardiel fan Qbuzz.Qbuzz moest van de weg, Telegraaf 13 december 2008

By de lansearring yn 2008 kundige Qbuzz oan dat it doel wie om yn acht jier in fjirde fan de Nederlânske busmerk yn hannen te krijen.Qbuzz wil kwart van de busmarkt, Nu.nl, 7 november 2008

Yn july 2012 waard bekend dat NS de oerbleaune 51% fan de oandielen fan Qbuzz oernimme woe. Dit wie ûnderdiel fan de plannen fan NS om it bedriuw yn de takomst te fusearjen mei har Britske dochterûndernimming Abellio. Mei dizze stap woe NS in sterke dochterûndernimming ûntwikkelje dy't har rjochtsje koe op it oernimmen fan bus- en spoarlinen, sawol yn Nederlân as yn de rest fan Europa. It oernameplan waard yn maart 2013 yntsjinne by de ûndernimmingsried fan NS, en op 29 april 2013 waard de oername offisjeel foltôge.Rapportage Onderzoek Deloitte naar Kruissubsidiëring NS, pagina 23, Rijksoverheid.nlNS wil Qbuzz, RTV Utrecht.nl, 13 maart 2013

Nei de oername sette Rob van Holten de stap nei HTM Passazjiersferfier. Leon Struijk bleau oant 1 febrewaris 2015 direkteur fan Qbuzz, en waard dêrnei opfolge troch Annemarie Zuidberg-Tabak. Sy wie sûnt it begjin fan Qbuzz regionaal direkteur foar de noardlike konsesjes en waard letter ek direkteur fan Abellio Nederlân. Op 1 septimber 2015 waard Jan Kouwenhoven beneamd ta direkteur fan Qbuzz, en Gerrit Spijksma waard CFO. Sy hiene de taak om it beskeadige imago fan Qbuzz te herstellen, dêr’t it bedriuw oan it besûnderen fan fraude by de oanbesteging fan iepenbier ferfier yn Limburch ferantwurdlik foar wie.Nieuwe directeur Qbuzz moet imago herstellen

Ferkeap Yn augustus 2015 kaam der it gerucht dat Qbuzz yn 'e hannen fan de Frânske spoarweimaatskippij SNCF telâne komme soe.OV Pro.nl NS-dochter Qbuzz mogelijk in handen van Franse spoorwegen’, 5 augustus 2015, raadplege op 6 augustus 2015 De NS woe it bedriuw ferkeapje yn ruil foar oandielen yn de hegesnelheidsline Thalys. Dy ferkeap soe in direkte gefolch wêze fan it oanbestegingsdebakel yn Limburch. De ferkeap gie lykwols net troch.

Yn july 2017 waard bekend dat NS, ûnder foarbehâld fan tastimming fan de Autoriteit Konsument en Merk, in nije eigener foar Qbuzz fûn hie. Op 13 july 2017 tekene BusItalia de keapoerienkomst. BusItalia is ûnderdiel fan Ferrovie dello Stato, de FS Groep, dy't aktyf is yn it iepenbier ferfier yn ferskate lannen.Qbuzz zelfstandig verder met Busitalia, 13 juli 2017

Namme en hûsstyl Direkteur Rob van Holten hie yn earste ynstânsje de namme Antiloop yn gedachten foar it busbedriuw, mar dit wie net geskikt út in marketingperspektyf.Artikels dy't al pleatst binne yn DvhN, 2009

De namme Qbuzz kin útsprutsen wurde sawol yn it Nederlânsk as "Kubus" as yn it Ingelsk as "Kjoe-buzz". De letter Q ferwiist nei it Ingelske wurd Quality (kwaliteit), wylst Buzz stiet foar bus. De dûbele Z oan 'e ein fan de namme moat it in eigentiids karakter jaan, dat benammen jonge reizgers oansprekke moat.

De hûsstyl is basearre op de kleuren fan de flagge fan de Prins (oranje, wyt, blau, of oranje, wyt en blau). Allinnich yn Fryslân rieden de MAN Lion's City-bussen yn dizze hûsstyl, yn kombinaasje mei in oantal regionale skaaimerken, wêrûnder in oantal pompeblêden. Yn de oare konsesjes hat de kliïnt in regionale hûsstyl foarskreaun.

Rydgebied

Grins/Drinte Qbuzz eksploitearre sûnt 13 desimber 2009 praktysk alle stêd- en streekferfier yn de provinsjes Grins en Drinte yn opdracht fan it OV-buro Grins Drinte. Foar lytsskalige lijnen, lykas buertbussen, lijntaxi's en de stedsdiensten yn Meppel en Hoogeveen wiene aparte fergunningen jûn oan lokale taksybedriuwen.

Konkurinten Arriva en Connexxion hienen ek in offerte yntsjinne. Arriva makke beswier tsjin de gunning, mar de rjochtsaak waard ferlern.Qbuzz en Arriva tegenover elkaar in rechtszaak, RTV Noord, 21 aug 2009 Fanwege de rjochtsaak hie Qbuzz noch mar trije yn stee fan njoggen moanne de tiid om him foar te ûnderrjochtsjen op de konsesje. Mercedes-Benz krige de taak om 361 bussen te bouwe. In grut part koe op tiid levere wurde. It tekoart waard tydlik opfongen troch 24 brûkte Mercedes-Benz bussen.Qbuzz doet aanval op Noordelijke markt, De Telegraaf, 12 december 2009 Der waarden 43 bussen nagelevere.

Yn desimber 2012 waard it kontrakt mei twa jier ferlinge oant desimber 2017 en yn desimber 2014 waard it kontrakt nochris ferlinge oant 14 desimber 2019.Qbuzz blijft nog twee jaar langer rijden

Ferfierder Qbuzz mocht noch tsien jier, tusken 8 desimber 2019 en 8 desimber 2029, it busferfier bliuwe fersoargje yn de konsesje Grins Drinte.Qbuzz mag busconcessie Groningen-Drenthe voortzetten Publisearre op 12-07-2018 om 17:20

Om de herkenberens fan de stêdbussen yn de stêd Grins te ferheegjen, fûren dizze de lijnnummers mei in eftergrûnkleur en soms ek in wite lijn rûn it getal. De eftergrûnkleuren wiene op de streekbussen net oanwêzich.

Net bûten de stêd Grins lizze in seis transferia, te witten:

P+R Euroborg P3 P+R Haren A28 P+R Kardinge P+R Hoogkerk A7 P+R Reitdiep P+R Meerstad

Fan dizze terreinen reed oant 4 jannewaris 2014 oer dei om de 5, 10, 12 of 15 minuten in P+R Citybus fan Qbuzz. Dizze tsjinsten waarden riden mei gelede bussen fan it type Mercedes-Benz Citaro. De bussen op lijn 22 tusken Euroborg/P3 en Haren/A28 hienen in eigen P+R bushûsstyl. De P+R Citybus waard ferfongen troch Q-link.

Yn Grins en Drinte reed Qbuzz seis buslinen ûnder de formule Qliner en dizze begjinne en einigje allegear op stasjon Grins (m.u.o. lijn 310 Assen - Veendam). De Qliners ride nei Assen (309), Emmen (300), Drachten (304 en 314) en Stadskanaal (312). Dy wurde oanfolle mei Qliners fan Arriva nei Bolsward (335), Drachten (324), Heerenveen (315, 324) en Emmeloord (315, 324). Earder reden der mear Qliners, mar dy binne ûnder oare ferfongen troch in treinferbining (Veendam-Grins) en Q-link linen. Yn de simmer fan 2014 is in grut diel fan it Qliner-wagenpark fernijd. De fernijing bestiet út 26 bussen mei in lingte fan 15 meter dy't foarsjoen binne fan Wi-Fi.Dubbelgelede bussen op nieuwe Q-link lijn 11

Konsesje fan 2019 ôf Qbuzz lei op 4 maart 2019 in bestelling fan 160 elektryske bussen ter wearde fan in lytske 100 miljoen euro. It giet om 60 bussen fan it merk Ebusco, 43 bussen fan it type VDL Citea; 32 stuks SLF 120, elf stuks SLFA 180 en 59 bussen fan it type Heuliez GX 437 Linium ELEC bestimd foar Qlinks 3 t/m 5, skriuwt it FD.Qbuzz plaatst reuzenorder e-bussen in Brabant Qlinks 6, 12 en 15 folgje letter. Foar dizze bussen waarden yn beide provinsjes yn totaal 22 laadpalen pleatst.Record in Europa: Qbuzz koopt 160 elektrische bussen, Ophelle 2021-03-21

Qbuzz makke yn novimber 2019 bekend dat der 20 streekbussen op wetterstof bijkomme foar de regio GrinsTwintig nieuwe waterstofbussen in Groningen en Drenthe, Ophelle 2021-03-21 en yn septimber 2020 waard bekend dat der ek noch tsien ekstra streekbussen op wetterstof foar de regio Emmen komme. De tien bussen op waterstof voor Emmen zijn besteld, RTV Drenthe, 2021-03-21 Dizze bussen ferfange âldere bussen op biodiesel.

Súd-Hollân Noard Qbuzz kampt yn desimber 2024 mei de fertrage levering fan nije bussen foar de konsesje Súd-Hollân Noard.Qbuzz Zuid-Holland Noord - Definitief Vervoerplan 2025 - Juni 2024 - provincie Zuid-Holland - OV-concessie Qbuzz - 10 juli 2024 Dêrtroch moasten tydlik ek bussen ynset wurde sûnder yn- en útcheckapparatuer en/of mei minder toegaanskelijkheid foar reizgers mei kinderwagens, swiere bagaazje of rolstoelen. Ter kompensaasje foar it ûngemak koe in pear wiken fergees reizge wurde mei alle bussen. Omdat in grut diel fan de bestelde elektryske bussen net op tiid levere waard, ferloe het ferfier sûnt it hjerst fan 2024 chaotysk. It ferbetterplan foldie net oan de steld eisen en waard troch de provinsje ôfwiisd. Dêrop waard in boete oplein.https://zhn.qbuzz.nl/ditmoetjeweten Yn april 2025 wie de tsjinstútfiering ferbettere troch de ynstream fan nije bussen. De útfall fan ritten wie fermindere, mar noch net hielendal ûnder kontrôle. De oplaadfoarsjennings foar elektryske bussen funksjonearren net optimaal, ûnder mear omdat de fereaske fergunningen noch ûntbrieken. In protte ritten waarden riden mei twaddehânse dieselmaterieel (kocht fan Arriva of fanút Berlyn en Reykjavik helle) en hybride bussen út Oslo. De personielssterkte wie yn april noch net op peil en de sjauffeurs wiene net goed ferdield oer de ferskate (diels nije) festigings.

Utert U-OV is de merknamme wêrûnder Qbuzz sûnt 8 desimber 2013 it iepenbier ferfier per bus en tram yn regio Utert fersoarget. Dizze konsesje rint oant 9 desimber 2023. Begjin 2021 is de rintiid mei twa jier ferlinge oant desimber 2025.nieuwe concessies, Provincie Utrecht It hat trije jier duorre foardat Qbuzz úteinlik foar de Regio Utrecht (BRU) ride mocht. Connexxion, de ferfierder yn dat gebiet, spande rjochtsaken oan tsjin de gunning oan Qbuzz. Op 4 oktober 2010 gunde it BRU de konsesje foar it earst oan Qbuzz mei as yngongsdatum 11 desimber 2011. Hjir tsjin makke Connexxion beswier en it beslút waard skorst. Op 29 augustus 2011 besleat men om de konsesje op'e nij oan Qbuzz ta te kennen. De yngongsdatum wie yntusken ferskood nei 9 desimber 2012.Voorzieningenrechter schorst besluit concessie, BRU 4 februari 2011Qbuzz nieuwe vervoerder regio Utrecht, BRU 29 augustus 2011

Connexxion stapte yn oktober 2011 nei de rjochter en woe dat de oanbestegingsproseduere opnij dien wurdt. It College van Beroep foar it bedriuwslibben skorste de gunning oan Qbuzz opnij, om't neffens dizze rjochter Connexxion gjin earlike kâns hân hat fan it BRU. Connexxion naar rechter over aanbestedingRechter: BRU moet Connexxion nieuwe kans geven RTV Utrecht 3 november 2011

Op 8 oktober 2012 waard bekend dat ek yn de nije oanbesteging de konsesje oan Qbuzz takend waard. Connexxion makke hjir tsjin wer beswier tsjin. Yn jannewaris 2013 makke it BRU bekend dat de beswieren fan Connexxion ûnbegrûne ferklearre waarden. Connexxion stapte dêrop opnij nei de rjochter. Op 2 maaie 2013 hat it Kolleezje fan Berop foar it bedriuwslibben besletten dat de gunning fan de konsesje oan Qbuzz yn stân bliuwt.Qbuzz mag toch ov Utrecht verzorgen Nu.nl (8 oktober 2012)Bezwaren tegen gunningsbesluit OV ongegrond, Ophelle 14 januari 2013Connexxion opnieuw naar rechter voor busvervoer Gunning van de concessie openbaar vervoer Regio Utrecht aan Qbuzz blijft in stand, 2 maaie 2013

Drechtstêden, Molenlanden, Gorinchem (DMG)