thumb|De N393 by Pitersbierrum De provinsjale wei 393 of N393 is in provinsjale wei tusken Harns en Stiens. De wei wurdt ek wol Middelwei neamd. De N393 ûntstie yn 'e rin fan 'e 20e iuw troch opwurdearring fan besteande weidielen.

De wei rint fan Harns oer Pitersbierrum, Seisbierrum, Easterbierrum, Tsjummearum, Minnertsgea, Sint Jabik, Sint Anne en Froubuorren nei Stiens.

De wei is oer gâns syn lingte útfierd as in twastripe-gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. Yn de gemeente Ljouwert hjit de wei Middelsédyk en Stienzer Hegedyk. Yn de gemeente Waadhoeke hjit de wei W. Dijkstrastrjitte, J.P. van der Bildtstrjitte, Middelwei-East, Van Harenstrjitte, Middelwei-West, Eastein en Suderwei, Hermanawei, Meinardswei, Ferniawei, Tsjessingawei, Swaerderwei, Buorren, Kleasterwei, Lidlumerwei, Haerdawei en Hearewei. Yn de gemeente Harns hjit de wei Haulewei.

Kategory:Wei yn Fryslân 393 Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Kategory:Geografy fan Ljouwerteradiel Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente) Kategory:Geografy fan It Bilt Kategory:Geografy fan Barradiel Kategory:Geografy fan Frjentsjerteradiel Kategory:Geografy fan De Waadhoeke Kategory:Geografy fan Harns (gemeente)