It Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (ek wol Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden neamd) is in ferdrach fan de Ried fan Europa. It ferdrach hat ta doel de juridyske erkenning fan nasjonale minderheden en it hoedzjen en noedzjen fan harren rjochten.

Skiednis Yn 1949 kaam it ramtferdrach foar it earst op it aljemint. It duorre lykwols oant 1990 ear't wer in wurklistpunt wurde soe. De leden fan de Ried fan Jeropa koenen op 1 febrewaris 1995 tekenje, it ferdrach waard jildich op 1 febrewaris 1998.

Doel It ramtferdrach is it earste juridyske bewyske fan de Ried fan Jeropa foar it hoedzjen fan nasjonale minderheden. It doel is it bewissigjen fan it fuortbestean fan nasjonale minderheden yn de krite dêr't sy wenje. It ramtferdrach stipet folsleine lykberjochtiging fan nasjonale minderheden troch it mooglik meitsjen fan goede betingsten foar de kulturele ûntjouwing en behâld fan identiteit. It lânsregear mei de nasjonale minderheid net beheine op it stik fan taal, ûnderwiis en media.

Friezen De Friezen yn Dútslân en Nederlân binne beide neffens it ferdrach erkend as nasjonale minderheid.

Nederlân It Nederlânske regear hie yn 2004 besletten om it ramtferdrach te ratifisearjen. De ratifisearring waard yn 2005 fan krêft.

Dútslân It Dútske regear hat it ramtferdrach yn 1997 ratifisearre, yn 1998 waard it ferdrach jildich. Njonken de Friezen binne ek de Sorben, Denen en Roma en Sinty erkend as nasjonale minderheid. Oer hokker Friezen der no erkend wurde moasten wie wat betizing. De Noardfriezen en Sealterfriezen binne taalminderheden, dat sy waarden fuort erkend troch it Dútske regear. Omdat de Eastfriezen gjin Frysk mear sprekke, mar har wol Fries fiele, hat de Dútske steatssiktaris fan Ynlânske Saken Christoph Bergner yn febrewaris 2008 wissichheid jûn oer de status fan Eastfriezen as nasjonale minderheid. Omdat de Friezen yn Dútslân erkend binne as ien groep hearre dêr ek de Eastfriezen by.

Keppeling om utens It Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden op de webside fan de Ried fan Jeropa

Kategory:Ynternasjonaal rjocht Kategory:Jeropeesk ferdrach Kategory:Ferdrach út 1995 Kategory:Ferdrach mei Albaanje Kategory:Ferdrach mei Andorra Kategory:Ferdrach mei Armeenje Kategory:Ferdrach mei Azerbeidzjan Kategory:Ferdrach mei Belgje Kategory:Ferdrach mei Bosnje-Hertsegovina Kategory:Ferdrach mei Bulgarije Kategory:Ferdrach mei Denemark Kategory:Ferdrach mei Dútslân Kategory:Ferdrach mei Eastenryk Kategory:Ferdrach mei Estlân Kategory:Ferdrach mei it Feriene Keninkryk Kategory:Ferdrach mei Finlân Kategory:Ferdrach mei Georgje Kategory:Ferdrach mei Grikelân Kategory:Ferdrach mei Hongarije Kategory:Ferdrach mei Ierlân Kategory:Ferdrach mei Yslân Kategory:Ferdrach mei Itaalje Kategory:Ferdrach mei Kroaasje Kategory:Ferdrach mei Letlân Kategory:Ferdrach mei Litouwen Kategory:Ferdrach mei Lúksemboarch Kategory:Ferdrach mei Lychtenstein Kategory:Ferdrach mei Malta Kategory:Ferdrach mei Moldaavje Kategory:Ferdrach mei Monako Kategory:Ferdrach mei Montenegro Kategory:Ferdrach mei Nederlân Kategory:Ferdrach mei Noard-Masedoanje Kategory:Ferdrach mei Noarwegen Kategory:Ferdrach mei de Oekraïne Kategory:Ferdrach mei Poalen Kategory:Ferdrach mei Portegal Kategory:Ferdrach mei Roemeenje Kategory:Ferdrach mei Ruslân Kategory:Ferdrach mei San Marino Kategory:Ferdrach mei Servje Kategory:Ferdrach mei Sloveenje Kategory:Ferdrach mei Slowakije Kategory:Ferdrach mei Spanje Kategory:Ferdrach mei Sweden Kategory:Ferdrach mei Switserlân Kategory:Ferdrach mei Syprus Kategory:Ferdrach mei Tsjechje