De Bûnspartij foar Jonges is it Nederlânsk kampioenskip keatsen Frysk spul, organisearre troch it KNKB. It dielnimmen stiet iepen foar jongespartoeren (14, 15 en 16 jierrigen) fan de by it KNKB oansletten ferienings. Alle ferienings meie ien partoer ynskriuwe. It plak dêr't dizze partij hâlden wurdt wikselt. It winnende partoer is in jier hâlder fan de wikselpriis: de Thomas de Groot Wandelbal.
Dizze bûnspartij waard foar it earst spile yn 1968. Frjentsjer wie mei de keatsers Hennie Seerden, Anske de Boer en André Roosenburg de earste winner fan it jongesbûn. Yn it klassemint fan de measte oerwinnings stiet Frjentsjer mei mar leafst 8 seges al jierren op kop. Op it twadde plak steane Wytmarsum en Makkum mei 4 oerwinnings. Bysûnder dêroan is dat de Wytmarsumers de oerwinnings op rige hellen: yn 2000, 2001, 2002 en 2003. Der binne trije ferienings dy't it jongesbûn trije kear wûn hawwe: Ljouwert, Arum en Berltsum.
Yn de skiednis fan it Nederlânsk kampioenskip foar jonges binne der mar fiif keatsers yn slagge de partij trije kear te winnen: Joop Greuter en Tjeard van der Kooi (beide fan Ljouwert), Jasper Boomsma fan Berltsum en de Wytmarsumers Herman Sprik en Jacob Zaagemans.
List mei winners JierPlakKeatsers2023DronrypBrent Jesse van Beema,Bjorn Idsardi,Brent Timmerman2022Dronryp Jorrit Nanninga,Bjorn IdsardiRick Minnesma2021BoalsertDietmer Kuperus,Yoram Kuperus,Redmer Cnosen2019DronrypRick Minnesma,Mark Minnesma,Jorn-Lars van Beem2018Hommerts-JutrypAizo Veltman,Jelger de Boer,Jitze Floris2017Berltsum2016EksmoarraAlbert Feenstra,Pieter Jan Leijenaar,Jelmer Dijkstra2015Makkum Jurre Rinia,Jouke Vlasbloem,Klaas Pieter Folkertsma2014St, JabikSil Leystra,Gideon Swanson,Remco Schiphof 2013 Dronryp Sybren Blanksma Sander Kingma Wierd Baarda 2012 Frjentsjer Kars Zeinstra Allard Hoekstra Christiaan de Haan 2011 Arum Jan Bauke Tolsma Kevin Jaarsma Jan Schurer 2010 Wjelsryp Pieter Sijbren Scharringa Gerrit Scharringa Jelle Scharringa 2009 Sint Anna 2008 Tsjummearum Jeroen de HaanArnold ZijlstraOane Veltman 2007 Tsjummearum Arnold ZijlstraHans WassenaarSteven de Bruin 2006 2005 Makkum Lennart AdemaHyltje BosmaJan Hiemstra 2004 Wommels Douwe de BoerErik HaitsmaRedmer Strikwerda 2003 Wytmarsum Jacob ZaagemansChris AnemaGert Jan Meekma; 2002 Wytmarsum Jacob ZaagemansHerman Sprik 2001 Wytmarsum Jacob ZaagemansHerman Sprik 2000 Wytmarsum Herman Sprik 1999 1998 1997 1996 1995 1994 1993 1992 1991 1990 1989 1988 1987 1986 1985 1984 1983 1982 1981 1980 1979 1978 1977 1976 1975 1974 1973 1972 1971 1970 Wommels 1969 1968 Frjentsjer Hennie SeerdenAnske de BoerAndré Roosenburg
Kategory:Keatspartij Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1968