In skrikkelsekonde is in sekonde dy't tafoege wurdt ta korreksje fan it ferbân tusken de sinnedei en de oerwurkdei.

Besteansgrûn Om't de sekonde hjoeddeisk in definysje hat dy't gjin ferbân hâldt mei de dei, is it no mooglik dat in dei net krekt 24*60*60 sekonden lang is. De gemiddelde rotaasje fan de ierde nimt marzjinaal ôf, dat de middeldei yn de rin fan jierren is yndie krekt wat langer. Hjirom moat út en troch in sekonde tafoege wurde om foar te kommen dat de oerwurkdei foar midsnacht einiget.

Foarkommen Sûnt de ynfiering fan dit systeem yn 1972 binne der totaal 27 skrikkelsekonden tafoege, wat likernôch del komt op alle 18 moanne in skrikkelsekonde.

30 juny 1972 31 desimber 1972 31 desimber 1973 31 desimber 1974 31 desimber 1975 31 desimber 1976 31 desimber 1977 31 desimber 1978 31 desimber 1979 30 juny 1981 30 juny 1982 30 juny 1983 30 juny 1985 31 desimber 1987 31 desimber 1989 31 desimber 1990 30 juny 1992 30 juny 1993 30 juny 1994 31 desimber 1995 30 juny 1997 31 desimber 1998 31 desimber 2005 31 desimber 2008 30 juny 2012 30 juny 2015 31 desimber 2016

Stuit fan ynfoegjen De sekonde wurdt ynfoege oan de ein fan in moanne, en leafst wurde hjirby de oergongen brûkt fan desimber nei jannewaris en fan juny nei july. Nei UTC 23:59:59 komt dan de skrikkelsekonde UTC 23:59:60, en pas dan begjint de nije dei, op UTC 0:00:00. De oanpassing wurdt tagelyk dien foar alle tiidzônes, dat yn tiidzônes op it eastlik healrûn wurdt de sekonde tafoege yn de rin fan de nije dei, wylst op it westlik healrûn de âlde dei langer wurdt.

Negative skrikkelsekonden Yn it systeem wurdt ek rekken hâlden mei negative skrikkelsekonden. As dêr ferlet fan is wurdt UTC 23:59:59 oerslein. Om't oannaam wurdt dat de rotaasje fan de ierde marzjinaal ôfnimt, wurdt net ferwachte dat dit ea barre sil. Lykwols is, tsjin de ferwachting foar langere tiid yn, sûnt it ynfoegjen fan de earste skrikkelsekonde 1972 de rotaasjefeart tanaam, dat mooglik is it al. Sa hat it ynterfal tusken de lêste twa skrikkelsekonden, 31 desimber 1998 en 31 desimber 2005, folle langer west as ea earder.

Gregoriaanske kalinder It wurdt wolris tocht dat skrikkelsekonden de lytse ôfwiking fan de Gregoriaanske kalinder oanpasse moatte, mar dat is net sa. Dat ôfwiken hâldt ferbân mei de rotaasje fan de ierde om de sinne, dat as it ea sa fier komt dan moat dat oanpast wurde mei in skrikkeljier.

Kategory:Jier Kategory:Tiid