thumb|Douwe Kootstra (r.) en Eppie Dam (l.) Douwe Kootstra (Drachten, 3 novimber 1951) is in Fryske skriuwer. Douwe Kootstra wurket yn it ûnderwiis, op it stuit as meiwurker fan Cedin Educative Dienstverlening. Hy hat namme makke as skriuwer fan reisferhalen, hy wie de earste dy't dit sjenre yn it Frysk beoefene. Kootstra skriuwt ek kollumns, ûnder oare foar it magazine fan It Fryske Gea en is faak op 'en paad as ferteller fan folksferhalen, mearkes, sêgen en legindes.

Publikaasjes De moanne op 'e rêch (1987) Yn de baan fan de boemerang (1990) Achter ljochte bergen (1993) Alde spoaren (2000) Berjochten út Boedapest (2001) Paradys oan de baai (2010) De wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen. Tegearre mei Jurjen van der Kooi (2017)

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk reisferhaleskriuwer Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Frysk folklorist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1951